Wethâlder Bos krijt noch in jier om te ferhûzjen: krisis yn Eaststellingwerf foarkaam

29 apr 2020 - 22:13

Wethâlder Marcel Bos (CDA) krijt noch ien jier om te ferhûzjen nei de gemeente Eaststellingwerf. Dat is de útkomst fan de online riedsgearkomste. Bos wennet no noch yn Wolvegea (Weststellingwerf) en dus net yn de gemeente dêr't er foar wurket.

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat Bos úteinlik ferhûzje soe nei Eaststellingwerf wie twa jier lyn al ôfpraat troch de kolleezjepartijen, mar dêr wie nochal wat betizing oer. Henk Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang sei dat Bos yn syn tredde jier as wethâlder ferhûzje moast, syn eigen CDA hie it oer it tredde of fjirde jier. Wouter Slager fan Wij Lokaal sei dat it al yn it twadde jier moatten hie.

Slager sei dat Herman Zwart fan it CDA kreatyf mei de ôfspraken omsprong: "De archieven vertellen een ander verhaal. Beschamend dat wet- en regelgeving aan de klant wordt geschoven. Er is geen bijzondere reden om weer te verlengen. Het CDA heeft een probleem."

Dat it in serieus probleem wie, makke Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang oer it begjin fan de diskusje al dúdlik: "Dit is uw laatste kans om te verhuizen."

Achterkamertjespolitiek en een machtsspel, een zwarte dag voor onze gemeente.

Wolter Slager (Wij Lokaal)

De koälysje fan Eaststellingwerf bestiet út Ooststellingwerfs Belang, CDA en PvdA en dy hawwe mei-inoar gjin mearderheid yn de ried: 10 fan de 21 sitten. Bos hie dus stipe nedich út de opposysje, om in krisis foar te kommen. Neffens Slager (Wij Lokaal) waarden riedsleden bûten de gearkomste om ûnder druk set om it foarstel te stypjen: "Achterkamertjespolitiek en een machtsspel, een zwarte dag voor onze gemeente."

Lokale partijen

Benammen de lokale partijen fûnen it wichtich dat de wethâlder yn de eigen gemeente wennet. Mar ek yn de fraksje fan kolleezjepartij PvdA wie der neffens fraksjefoarsitter Jelke Nijboer 'een behoorlijke discussie' oer it wenplak fan Bos. Se jouwe de wethâlder noch op syn meast ien jier om te ferhûzjen.

It wie dreech om de fraksje fan Ooststellingwerfs Belang te oertsjûgjen. De gearkomste waard ferskate kearen skorst. Bos neamde it sels "een ongemakkelijke situatie". Mar as hy yn syn tredde jier noch tiid hie om te ferhûzjen, dan wie foar him de opdracht dúdlik, sei er. It grutste part fan Ooststellingwerfs Belang gong doe akkoart, allinnich Jenne van Hummel net. Omdat GroenLinks gjin problemen hie mei it plan fan Bos, hie er in mearderheid efter him. Acht riedsleden stimden úteinlik tsjin.

(advertinsje)
(advertinsje)