Betsjinningstiden brêgen en sluzen rommer tsjin lange wachttiden

De brêgen en sluzen yn Fryslân bliuwe fan 1 maaie ôf langer iepen. De provinsje wol hjirmei de boaten ferdiele oer de dei en lange wachttiden foarkomme.
De Follegeabrêge yn Follegea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De betsjinningstiden fan de brêgen en sluzen sieten noch hieltyd yn de winterregeling, mar koene yn ferbân mei de coronakrisis net ferromme wurde. Fan freed ôf binne se oant 19.00 oere iepen wêze yn stee fan oant 17.00. Boppedat binne de brêgen tenei iepen op snein. De provinsje wol sa wat dwaan oan de drokte by de brêgen. Ek roppe se op om foarsichtich te wêzen en rekken mei mekoar te hâlden.
De tiden binne noch net folslein oerset nei de simmerregeling. Yn de simmer binne de brêgen oant 20.00 oere iepen. Wannear't de betsjinningstiden folslein oer gean nei de simmerregeling wit de provinsje noch net.