Fryslân fan Boppen komt mooglik mei kompilaasjefilm: byld fan dizze tiid sketse

29 apr 2020 - 20:28

De organisaasje fan it projekt Fryslân fan Boppen tinkt nei oer it meitsjen fan in film. "We tinke nei oer in poëtyske kompilaasje fan alle prachtige bylden fan Fryslân, de hertferwaarmjende boadskippen fan alle minsken en de hichtepunten fan de kreative en artistike projekten", seit LF2028-projektlieder Lieuwe Krol.

Foto: Fryslân fan Boppen

Artistyk lieder Marten Winters is tige wiis mei it entûsjasme fan elkenien dy't meiwurke oan it projekt. "In djippe bûging, yn hiel koarte tiid dingen meitsje ûnder omstannichheden dy't lang net ideaal wiene, dat fyn ik echt knap."

Byld fan dizze tiid

Winters tinkt dat de bylden in goede kâns jouwe om in byld fan dize tiid te sketsen. Se kinne neffens him in ferhaal fan de Friezen fertelle. "Achter elk boadskip dy't we filmen siet in ferhaal, dat fyn ik sa ûntroerend en bysûnder. Fan de famylje dy't beppe sa mist, de herten ûnder de riem foar de soarch oant de needgjalpen op de waadeilannen dy't it sûnder toerisme sa dreech ha."

Mear as tûzenen boadskippen en projekten

Krol is bliid mei hoe't it projekt gong is. "Der binne mear as tûzen boadskippen en projekten oanmeld. Omdat it safolle wie yn beheinde tiid, koene we net alles filmje en útstjoere, mar it grutste diel gelokkich wol."

Fryslân Fan Boppen wie in projekt fan LF2028, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân. Tsien dagen lang fleach in drone oer Fryslân om de moaiste bylden te meitsjen en út te stjoeren. Minsken lâns de rûte koene boadskippen en kreaasjes meitsje, dy't filme waarden. It wie in inisjatyf fan de Fryske boargemasters, dy't mei it projekt wat dwaan woene foar de mienskip.

De lêste ôflevering fan Fryslân fan Boppen gong oer de Marrerûte:

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it projekt. Hjir kinst ek alle útstjoeringen weromsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)