Luuc Eisenga alwer fuort by NAC Breda

29 apr 2020 - 19:52

Luuc Eisenga hâldt nei ien jier alwer op as algemien direkteur fan NAC Breda. De Frjentsjerter hat in ferskil fan ynsicht mei de Ried fan Kommissarissen oer hoe't de klup oanstjoerd wurde moat.

Luuc Eisenga (rjochts), earder dit jier op it trainingskamp fan NAC yn Portugal - Foto: www.orange-pictures.nl

De lêste moannen wiene Eisenga en de Ried fan Kommissarissen it oer hieltyd mear dingen net iens, skriuwt NAC Breda op de eigen klupwebside. "Uiteraard is geprobeerd om elkaar in eenzelfde visie te vinden", seit foarsitter Edwin van Baal. "Maar gaandeweg werd duidelijk dat dit niet zou gaan lukken en is de onvermijdelijke conclusie getrokken dat het niet langer in het belang van NAC Breda is om gezamenlijk verder te gaan."

De earstedifyzjeklup wol oer net al te lange tiid in nije algemien direkteur oanstelle. Om it wurk goed oer te dragen, bliuwt Eisenga noch oant 1 juny yn tsjinst foar NAC.

Earder yn hurdfytserij en SC Hearrenfean

Eisenga wie earder lange tiid wurksum yn de hurdfytserij. Fan 2016 oant begjin 2019 wie Eisenga algemien direkteur fan SC Hearrenfean. By dy klup stapte er yn in ûnrêstige tiid sels op: "Ik kwam hier om een sportclub te leiden, niet om een rol in House of Cards te spelen."

(advertinsje)
(advertinsje)