Fryske promoasje by universiteit Laplân op Sibearyske toendraferhalen

Roza Laptander út Ljouwert is woansdeitemoarn online promovearre oan de Universiteit fan Laplân yn Rovaniemi, Finlân op har proefskrift When we got reindeer, we moved to live to the tundra. It ûndersyk giet oer 'the spoken and silenced history of the Yamal Nenets'. (De sprutsen en de ferswijde skiednis fan de Nenets yn Yamal.) Nenetsen jouwe de famyljeferhalen benammen mûnling troch, mar litte dêrby traumatyske skiednissen fuort.
De online promoasje fan Roza Laptander mei links promotor Stammler en rjochts opponent Andrej Golovnev © Foto Timpo Kumpula
De Nenets foarmje in folk dat fan âlds yn Sibearië mei rendieren reizget, mar hjoed-de-dei libbet noch mar in part fan de Nenets tradisjoneel. Roza Laptander is taalkundich antropolooch en wennet no yn Fryslân. Se hat de ôfrûne tsien jier in soad persoanlike ferhalen en lieten fan de Nenets sammele.

Ferhalen weromjaan

De online promoasje wie ek foar de Universiteit fan Laplân in primeur. Promotor Florian Stammler siet sels yn Sibearië, opponint Andrei Golovnev yn Sint Petersburg en Roza Laptander thús yn Huzum. De presintaasje en de wittenskiplike diskusje duorre in pear oeren, mei posityf gefolch. Nei ôfrin betanke Laptander op de regionale tv fan Yamal alle Nenetsen dy't meiwurke hawwe. "Sommige mensen die ik heb geïnterviewd leven niet meer. Dat vind ik lastig. Ik wil die verhalen daarom teruggeven aan hun kinderen en kleinkinderen, zodat ze toch in de familie blijven."

Taal fan de toendra

In faktor by it wol of net bewarjen fan de ferhalen is de taal. By de Nenets is it sa dat eins allinnich de Nenets op de toendra de eigen taal alle dagen prate en brûke. De Nenets yn de stêden prate meast Russysk. "Nenets op de toendra vertellen persoonlijke en traditionele verhalen in hun eigen taal, niet in het Russisch. Als de volgende generatie geen Nenets spreekt gaan de verhalen in het Nenets verloren."