SC Cambuur begjint moandei wer mei trainen: dit is it plan foar de simmer

29 apr 2020 - 18:51

Sportklup Cambuur begjint moandei wer mei trainen yn lytsere groepkes: earst fan seis spilets, letter mei acht. Trainer Henk de Jong wol it trainen oant septimber trochsette, mei trije wiken frij yn juny en in wike frij yn augustus.

Henk de Jong mei Robert Mühren (links) en Doke Schmidt (rjochts) - Foto: www.orange-pictures.nl

Trainer Henk de Jong seit dat it woansdei besprutsen is. "Ik haw mei de trainers byinoar sitten en wy hawwe besletten om moandei wer te begjinnen. Dat dogge wy yn groepkes fan seis spilers, mei twa trainers en de fysio's der by. Kompleet ôfsletten. Se komme binnen en geane ek wer fuort. Wy traine mei harren op ôfstân. In oere letter komme de folgjende seis en dêrnei wer de folgjende. Dat dogge wy moandei, woansdei en freed. De wike dêrnei meie wy it útwreidzje nei acht. De twa wiken dêrop moatte wy noch efkes sjen wat wy dogge."

Fakânsje

Der is dus ek tiid foar fakânsje. "Wy traine oant de earste wike fan juny. Dan jou ik se trije wiken frij, dan sille wy wer de hiele moanne july traine. Yn augustus wer in wike frij - want je kinne net de hiele tiid traine - en dan de lêste trije wiken. Wy hoope dat wy sa 1 septimber wer úteinsette kinne."

"Oars hie ik se oankrûpt"

De spilers binne noch hieltyd dwaande, jout De Jong oan. "De jonges binne konstant dwaande hear, wy kinne folgje wat sy dogge. Sy moatte wer oan 'e bal. It binne jonge, fanatike gasten: dy moatte wer traine. Wy hâlde moai alles yn acht. Mar ik haw nocht om dy jonges wer te sjen. Ik mei net mei se krûpe, oars hie ik se oankrûpt. Mar gewoan efkes prate, efkes fuotbalje, efkes ouwehoere."

Trainer Henk de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)