Plysje krijt fjouwer tips oer brân fan grutte loads yn Easterwâlde

De plysje hat fjouwer tips binnen krigen oer de brân fan de grutte loads yn Easterwâlde, ein febrewaris. It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht stjoerde juster bylden út fan de nacht dat de loads folslein útbrânde.
© CAMJO Media
Op de bylden wie ûnder oare in wite bestelwein te sjen, dy't de loads flak foar de brân yn en út ried. De plysje tinkt dat de persoan of persoanen yn dy bestelwein te krijen ha mei de brânstichting.
By de brân yn de nacht fan 29 febrewaris op 1 maart ûntploften gasflessen yn de loads, dêr't ûnder oare in houtbewurker en in tal merkelju harren guod opslein hawwe. Pas santjin oeren letter wie de brân út.
Omtinken foar de brân yn Opsporing Verzocht: