Ricardo van Rhijn fuort by Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean nimt nei ien seizoen ôfskied fan Ricardo van Rhijn. De ferdigener kaam ôfrûne simmer transferfrij oer fan AZ. Hy spile dit seizoen 28 wedstriden foar de Feansters. Syn kontrakt rint takom simmer ôf.
Ricardo van Rhijn © www.orange-pictures.nl
Tiisdei brocht de klup nei bûten dat ek spits Jens Odgaard en reservedoelman Trevor Doornbusch takom seizoen net mear by Hearrenfean spylje. Earder waard al bekend dat Daniel Høegh en Warner Hahn fuortgeane.