Skoalkoepel Arlanta foarearst mar in pear oeren iepen: "Nog te veel risico's"

29 apr 2020 - 16:53

Skoalkoepel Arlanta, mei 22 kristlike skoallen yn it noardeasten fan Fryslân, hat de âlden fan alle learlingen in brief stjoerd oer it iepenjen fan de skoallen nei 11 maaie. Arlanta lit witte dat de bern yn de earste wike in pear oeren wolkom binne. Marjanne Elzinga har soan sit op basisskoale De Wrâldwizer yn Easternijtsjerk. Elzinga is it net mei de oanpak iens.

Foto: Arlanta

De brief fan kristlike skoalkoepel Arlanta, dêr't 22 kristlike skoallen by oansletten binne, hat Marjanne Elzinga bot fernuvere, op meardere punten. Se fynt dat der yn de brief yn ferdekte termen stiet dat de bern pas fan 18 maaie ôf wer les krije sille, yn plak fan yn de wike fan 11 maaie. De skoallen nûgje de bern wol út om dan twa oerkes del te kommen. Mar dat der yn de earste wike allinnich 'in momint organisearre wurdt om gesellich by te praten', is neffens Elzinga 'te summier.'

Ek fynt Elzinga dat de brief net op it goede momint oan de âlden ferstjoerd waard. "Wy krigen it freedtemiddei, krekt foar de fakânsje", seit Elzinga. "Dêrnei wie der net ien mear te finen. Wy as âlden koene der ek hielendal net mear op reagearje."

De hannen frij

Elzinga fynt boppedat dat der yn de brief ferûndersteld wurdt dat âlden de bern hiel graach wer nei skoalle bringe wolle, om sa de hannen wer frij te hawwen. Mar dêr giet it de âlden absolút net om, leit Elzinga klam. "Wat wy al wiken besykje, sa goed en sa kwea as it giet, is om bern thús fan ûnderwiis te foarsjen. Mar dêr binne wy net ta oplaat. Wy fine dat ús bern ûnderwiis krije moatte troch kwalifisearre personiel."

Misferstân

Neffens Heidi Rubingh, bestjoerder fan basisskoalkoepel Arlanta, giet it om in misferstân. It is net wier dat de skoallen noch oant 18 maaie ticht bliuwe. It iepenjen bart al in wike earder, mar de skoalkoepel wol yn de earste wike de bern wol goed tariede kinne. "Scholen hebben de ruimte gekregen om op een goeie passende manier in de week van 11 mei te starten", seit Rubingh. "We volgen daarin de adviezen van deskundigen."

Se leit út: "Kinderen hebben thuis van alles meegemaakt. Ze hebben lange tijd geen contact gehad met vriendjes en vriendinnetjes, en ze komen op een school waar een andere inrichting is, waar andere regels gelden. Wij willen dat heel zorgvuldig met alle kinderen doorspreken en ze er goed op voorbereiden."

Feiligens

De skoalkoepel hat wol maatregels troffen - sa krije se de help fan in arsjitekt, dy't him bûcht oer in feilich ynterieur foar de skoallen - mar Rubingh lit úteinlik ek witte dat it foarearst wer iepengean op 11 maaie allinne trochgiet ûnder betingsten. "We beginnen eerder met het aangepast programma, maar op voorwaarde dat ik goede uitvoering kan geven aan de veiligheidsprotocollen. Dat staat bovenaan."

It antwurd fan Rubingh is noch hieltyd net it antwurd dêr't Elzinga op hope. "Foar my is dit net de oplossing", reagearret se. "Ik hear no ek noch oer de betingste dat it feilich wêze moat, dus dy twa oerkes binne mooglik sels ek noch ûnder betingsten. Ik bin hiel benijd hoe't dit rinnen giet."

Marjanne Elzinga en Heidi Rubingh oer it beslút fan Arlanta om net fuortendaliks les te jaan

(advertinsje)
(advertinsje)