It wurdt wer drokker op de diken: de provinsje wol witte wêrom

29 apr 2020 - 16:42

De provinsje set woansdei útein mei in enkête ûnder bestjoerders. Doel is om te sjen wat de coronakrisis foar ynfloed hat op it autoriden fan minsken. Yn de earste wike fan de lockdown seach de provinsje dat in tredde minder auto's op de provinsjale diken riden. Mar seis wiken letter wurdt it stadichoan wer drokker.

Yn Fryslân binne 45 mjitpunten op provinsjale diken dy't de ferkearsyntinsiteit mjitte. Neist dy mjitpunten komt de provinsje no mei in ekstra ûndersyk. Sa wolle se sjen hoe't de útbraak fan it coronafirus ynfloed hat op it thúswurkjen. As de coronatiid foarby is, sil de provinsje wer in enkête hâlde. Om sa te sjen oft de coronacrisis bliuwen ynfloed hat, bygelyks thúswurkje of it gebrûk fan de auto.

Foto: Provinsje Fryslân

De resultaten fan de enkête jout de provinsje in goed byld oft de coronatiid in bliuwend effekt hat op it thúswurkjen en de drokte op de dyk. Sa kin it samar wêze dat guon knipepunten yn de spits gjin knipepunten mear binne. En dat nimt de provinsje dan wer mei yn it nije ferkearsbelied.

De enkête is te finen op dizze webside. In heal jier of in jier neidat we fan de oerheid net mear ferplichte thúswurkje meie, sil de provinsje de enkête nochris dwaan.

Trefwurden: 
ûndersyk provinsje Corona
(advertinsje)
(advertinsje)