Betize bewenner azc Balk rûn mei mes oer strjitte

In bewenner fan it asylsikerssintrum yn Balk is woansdei oan it begjin fan de middei fan strjitte helle mei in mes. De man woe himsels wat oandwaan, seit de plysje.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De betize man rûn troch it doarp, yn de buert fan it azc. "Hij zat met zichzelf in de knoop", fertelt in wurdfierder fan de plysje. Der hat in Burgernet-melding west, wêrnei't de man sjoen waard yn de Herman Gorterstraat.
Net folle letter hat de plysje de man, dy't licht ferwûne wie, oerdroegen oan minsken dy't de man oan syn ferwûningen fersoargje.