Lawei-direkteur Avezaat: 'Oplûke mei provinsjes foar ferdieling kultuerjild yn it Noarden'

29 apr 2020 - 13:52

De brânbrief dy't skouboargen yn it Noarden tiisdei stjoerden nei de provinsjes hat as doel om tegearre op te lûken en sadwaande de hiele kulturele sektor yn it Noarden te stypjen. Dat seit Stef Avezaat, direkteur fan De Lawei yn Drachten, yn in taljochting op de brief. Tiisdei stjoerden de provinsjes sels ek al in brânbrief. Dy wie rjochte oan de fêste keamerkommisje fan kultuer.

De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Ryk komt wol mei jild foar de kultuersektor, mar betingst is dat provinsjes of gemeenten ek meibetelje. Neffens de teäters ha de gemeenten amper jild beskikber foar kultuer. Dêrom dogge se in berop op de provinsjes.

"We hebben een brandbrief gestuurd naar de provincies om aan te geven dat we daarin samen moeten optrekken. De regie moet wat ons betreft liggen bij de provincie en de gemeente. Die weten waar het geld het beste naartoe kan", seit Avezaat.

Se wolle ekstra stipe, net allinnich foar de teäters, mar foar de folsleine kulturele sektor yn it Noarden. Avezaat: "We moeten actie ondernemen, anders hebben we straks die hele belangrijke infrastructuur van cultuur en de hele creatieve sector niet meer. Uiteindelijk hebben we in het Noorden een hoog kwalitatieve infrastructuur, maar die is kwetsbaar."

Miljard euro skea

De folsleine kulturele sektor rint hast in miljard euro skea op troch de coronakrisis. "Dat is nog los van de immateriële schade. Wat ik nog belangrijker vind, is de verbinding, het ontmoeten, de sociaal-maatschappelijke waarde."

It kabinet kundige al oan 300 miljoen euro beskikber te stellen foar de kultuersektor. In tsiende dêrfan, 30 miljoen euro, is neffens Avezaat bedoeld foar filmhuzen en musea. "Die zijn van vitaal belang, maar het gaat ons om de gehele sector. Dus ook niet alleen theaters. Nee, ook de makers, amateurverenigingen, festivals, noem maar op."

De 300 miljoen euro is dan ek net genôch, tinkt hy. "Als cultuur zijn we meestal bescheiden, maar we moeten nu maar eens goed op de trom slaan. We spreken ook namens de kwetsbaren in deze sector: de makers, zzp'ers. De leveranciers." Hy wol net in hân ophâlde of mei de finger wize. "We willen samen optrekken met de provincie hierin."

Oardelmeterekonomy

De skouboargen meitsje har ek soargen oer de takomst. De oardelmeterekonomy is foar harren net helber, seit Avezaat. "Dat is voor de theaters een drama. Social distancing is ingewikkeld voor de bezoekers, los van dat het qua bedrijfsmodel bijna niet te doen is. We zijn creatief, doen ons best. Maar voordat we weer helemaal terug zijn op een niveau waarop we er weer toe doen voor de samenleving; dát kan nog wel even duren."

Stef Avezaat fan De Lawei yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)