Brune float liedt de needklok: "We binne foaral dwaande mei annulearringen"

29 apr 2020 - 13:43

It bûn foar beropssilers liedt de needklok. De brânsj mist 90 oant 100 prosint fan de ynkomsten en freget om mear stipe fan it ministearje fan Ekonomyske Saken, sa is te lêzen op de webside fan it BBZ, de belange-organisaasje foar de charterfeart. De brune float telt yn Nederlân sa'n 300 histoaryske skippen, dy't foaral ynset wurde foar it toerisme. Yn Fryslân binne de havens fan ûnder oare Harns en Starum in stik leger.

Jan Landman en Ciska Dijkstra hawwe in charterskip mei plak foar 22 minsken. Op it stuit binne se dwaande mei ûnderhâld. "Normaal hie it skip al lang klear west en hiene wy no fol yn aksje west. De boekingen foar dit foarjier rûnen al sûnt de hjerst fan foarich jier", fertelt Landman.

Harren skip, de Lena Adriana, is ien fan de sân skippen dy't no yn de haven fan Starum lizze. Gewoanwei binne dat der in stik as tritich, mar alle skippen lizze noch hieltyd op it plak dêr't se de winter trochbrocht ha.

Soad fragen

Landman en Dijkstra binne oansletten by Friese Vloot, in koöperaasje dy't alle boekingen foar de skippers regelet. De wurksumens binne dêr bot feroare sûnt de coronakrisis. "We binne foaral dwaande mei annulearringen. Minsken ha in soad fragen oer harren boekings, dus we ha in soad kontakt mei elkenien", leit Sjouke van der Lei út. "It is in spannende tiid. We ha dit noch nea meimakke. We hoopje dat we it allegear troch komme, mei stipe fan de oerheid."

It is in drege tiid foar guon skippers, sjocht ek Landman: "It is in drama. Foaral foar de jongere skippers dy't krekt begûn binne, is it hartstikke swier. Ik doch it al 38 jier, dus ik kin in stjitsje ha, mar der binne oaren dy't dat net ha kinne."

Sûnder stipe fan it regear is it BBZ benaud om histoaryske skippen foar altyd te ferliezen. Mar salang't de skippers dêr op wachtsje moatte, binne se sels ek kreatyf. Dijkstra: "We kinne fansels gjin 22 minsken oan board krije mei de oardelmeterekonomy. Om dochs in bytsje ynkomsten te generearjen, probearje wy no famyljes oan board te krijen. Dy kinne dan mei ús te farren, of we litte it skip hjir lizze sadat se it brûke kinne as driuwend fakânsjehûs. En dan hawwe je in hiel grut, lúkse fakânsjehûs!"

(advertinsje)
(advertinsje)