Bistedokter Menno Wiersma: "Yn prinsipe kin it wurk gewoan trochgean"

29 apr 2020 - 12:41

Dat it sûnt it opkommen fan it coronafirus by de húsdokters allegear oars as oars rint, wie ûnûntkomber. Mar hoe belibje de bistedokters de coronakrisis? Ek sy hawwe maatregels ynsteld, fertelt bistedokter Menno Wiersma fan Grou, al rinne in protte saken noch itselde.

De hûn kin noch altiten nei de bistedokter - Foto: Shutterstock.com

"Yn prinsipe kin it wurk gewoan trochgean. We kinne mei de baaskes kommunisearje wat der barre moat", fertelt Wiersma. "Hja kin allinne net yn 'e sprekkeamer derby stean en it húsdier fêsthâlde." Wa't sadwaande yn dizze tiden mei syn bist lâns de bistedokter giet, mei by Wiersma op in stoel út 'e doar wei meisjen hoe't syn kat of hûn behannele wurdt.

Relaasje mei de bisten

"We besykje de relaasje mei de bisten sa goed mooglik te meitsjen", fertelt Wiersma. "As it in bytsje wol dan komme se kwispeljend nei ús ta." Wenne moast it earst efkes wol, dat it baaske der no net langer by is. Boppedat mei der hieltyd mar ien persoan by de baly stean: dat makket it krekt efkes wat dreger om in ôfspraak te meitsjen.

"It moast earst efkes wenne, mar no rint it goed", seit Wiersma. "Ik moat sizze dat minsken der wol begryp foar ha."

Driuwend gefal

Fansels moat in bistedokter ek noch de doar út om by feehâlders del te gean. Ek dan wurdt it oardelmeterprotokol yn acht nommen. "Mar jo snappe wol, as jo in driuwend gefal hawwe - midden yn 'e nacht - en der moat in keizersneed dien wurde, dan is de oardel meter lestich te hanthavenjen", seit de bistedokter. "Dat kin wolris dreech wêze, om dêr in mouwe oan te passen."

Skrikbyld

Mei it ferstrekken fan 'e coronakrisis waard stadichoan dúdlik dat it firus ek oerspringe kin op bisten, sa as it gefal wie by in nertsefokkerij yn it suden fan it lân. "Se binne noch oan it ûndersykjen hoe't it sit, mar it is wol in skrikbyld", seit Wiersma. "Ik moat der net oan tinke dat it ek op kij en bargen oergean kin."

"It docht tinken oan de mkz-perioade yn 2001. Mar dat wie wol oars, om't it no minsken oandocht", einiget Wiersma.

Bistedokter Menno Wiersma oer de maatregels fan de coronakrisis yn syn praktyk

(advertinsje)
(advertinsje)