Cambuur-advokaat Segaar hat foarkar foar ledegearkomste oer promoasje

29 apr 2020 - 12:36

Dolf Segaar is de man dy't Cambuur de kommende tiid helpe moat oan dochs noch promoasje nei de earedifyzje. De sportadvokaat, troch de Ljouwerters ynskeakele yn de striid tsjin de KNVB, sjocht kânsen foar Cambuur yn sawol in ledegearkomste mei klups as yn in koart pleit. Dat sei hy woansdei yn in petear mei Omrop Fryslân.

Freed kaam it beslút fan fuotbalbûn KNVB om yn it betelle fuotbal gjin promoasje of degradaasje ta te passen. Cambuur, mei 11 punten foarsprong rom oan de lieding yn de earste difyzje, wie (en is) poer. Dat jildt ek foar De Graafschap, nûmer twa. Beide klups ha no sein dat se stappen nimme en se dogge dat yn gearwurking mei Segaar. Hy set yn op earst in ledenfergadering mei alle klups, mar slút in koart pleit net út.

"Ik laat me niet uit over percentages, maar er is zeker een kans voor Cambuur", seit de advokaat dy't der yn 2016 al yn slagge om FC Twente yn de earedifyzje te hâlden nei in juridyske striid mei de KNVB.

Foarkar foar fergaderje

Der binne foar Cambuur en De Graafschap - Segaar is ek advokaat fan de klup út Doetinchem - kânsen by sawol de rjochter as yn in spesjale ledegearkomste mei de oare profklups. "Er zijn mogelijkheden en een ervan is inderdaad de stap naar een rechter. Dat bereiden we nu voor. Dan komt er te zijner tijd een zitting, tenzij voor een andere route wordt gekozen. Dat is de ledenvergadering, die uitgeschreven kan worden door de KNVB of als minimaal vier clubs daarom vragen."

Dy opsje fan fergaderje hat syn foarkar, seit Segaar. "Ik hoop op solidareit van de clubs om bij elkaar te gaan zitten en zodoende tot een goed besluit te komen. Dan is dat gebeurd via een democratisch proces. Nu is er sprake van een besluitvorming waar gebreken aan kleven en waarbij mensen met onvrede zijn blijven zitten."

Freed die út in peiling fan de KNVB ûnder de 34 klups bliken dat 9 fan harren net stimme woene. Fan de 25 dy't oer wiene, stimde in mearderheid fan 16 foar promoasje en degradaasje. De KNVB telde dêrnei de 9 net-stimmers op by de 9 tsjinstimmers en kaam sa op 18. Dêr kaam in soad krityk op, ek om't de klups die net stimme woene net wisten dat de KNVB dat sa dwaan soe.

Noch gjin datum

Om it beslút fan it bestjoer betelle fuotbal werom te draaien is in mearderheid fan de helte plus ien nedich. Mar wat no as dy ledegearkomste der komt, de klups oars stimme as ôfrûne freed en it beslút sadwaande stean bliuwt? Dan noch sjocht Segaar kânsen foar Cambuur en De Graafschap by in rjochter. "Het hangt er namelijk ook vanaf hoe besluitvorming tot stand komt."

In datum is der noch net foar hokker stap dan ek. Mar neffens Segaar kin it snel gean.

Harkje nei Dolf Segaar

Dolf Segaar - Foto: CMS Nederland
(advertinsje)
(advertinsje)