GGD: Wer twa coronastjergefallen, fjouwer nije positive tests

Der binne neffens de nijste sifers wer twa minsken ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Dat hat GGD Fryslân niiskrekt wer nei bûten brocht. Yn totaal binne der no 61 minsken yn Fryslân ferstoarn oan it firus. Der binne ek wer fjouwer minsken posityf test op corona. "Wy binne mei de ûntwikkeling fan de sifers wol bliid, om't it in sakjende trend hat. Dat betsjut dat de maatregels effekt hawwe en dat we stadichoan op syk moatte nei hoe't it no komt", seit Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
Bern oant en mei 12 jier meie fan it kabinet fan woansdei ôf wer yn lytse groepkes bûten sporte. Mar binne de sportklups dêr al klear foar? En wichtiger noch: meie sy offisjeel wol iepen? Guon sportferienings hawwe tiisdei in mail krigen fan harren gemeente, dêr't yn stiet dat sporte noch ferbean is en dat dêrop hanthavene wurdt oant de Feilichheidsregio de needferoardering frijjout. En dat jout betizing.
"We krije in soad fragen, mar dit spilet yn it hiele lân. Wy binne ôfhinklik fan hoe gau oft der in lanlike modelferoardering klear is. De definitive wie tiisdei om 23.00 oere klear", seit Kleinhuis. Yntusken is de needferoardening oanpast. "Wat dat oanbelanget, kinne se los. Mar folle wichtiger is dat de gemeenten de rezjy hawwe om te sjen oft ien foldocht oan de regels fan it RIVM."
"Us advys oan de sportynstellings is dêrom om kontakt op te nimmen mei de gemeente en ôfspraken te meitsjen." De gemeenten sille neffens Kleinhuis strang hanthavenje. "As we it te rom iepensette en te maklik wurde, tinkt elkenien dat alles kin."
By guon sportferienings spilet it probleem dat der bern yn teams sitte dy't krekt 13 wurden binne. Dy meie no net mear mei harren 12-jierrige teamgenoaten meitraine. "De formele kant is dat sy yn it oare rezjym falle. Dêr moatst gewoan mei de gemeente oer prate, dêr moat maatwurk op komme. Mar offisjeel heart dat bern dan net by dat team. We moatte no net op syk nei útsûnderingen, mar gebrûk meitsje fan de romte dy't der no is."
Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân