Ard de Graaf: 'We gaan vechten voor Cambuur'

29 apr 2020 - 11:06

Cambuur ûndersiket juridyske stappen mei help fan sportadvokaat Dolf Segaar. Neffens algemien direkteur Ard de Graaf binne der kânsen op súkses. De Graaf seit dat no de ferfolchstappen ûndersocht wurde en hy ferwachtet yn de kommende dagen en wiken mear dúdlikheid. "We gaan vechten voor Cambuur."

Segaar is as advokaat ferneamd yn it betelle fuotbal. Sa soarge hy derfoar dat FC Twente yn 2016 nei in juridyske striid mei de KNVB dochs yn de earedifyzje bliuwe koe wylst de lysinsjekommisje fan it fuotbalbûn dat eins net woe.

Under mear syn ûnderfining joech de trochslach yn de kar dy't Cambuur tiisdeitejûn makke foar Segaar, seit De Graaf. "Hij heeft ervaring, is gespecialiseerd in sport- en verenigingsrecht. Daarbij hebben we een hele goede klik met hem."

In datum foar in ferfolchstap is der noch net. "We willen natuurlijk gecontroleerde snelheid houden in dit proces. Maar we hebben geen haast, we gaan voorlopig nog niet voetballen, zeker niet tot 1 september. Maar je wilt door, we zullen het niet eeuwig laten sudderen. Dus de komende weken zal dit zich ontspinnen."

In stap nei de rjochter, in spesjale ledenfergadering fan klups út it betelle fuotbal om it beslút werom te draaien; it soe allegearre kinne. Hokker juridyske kant Cambuur mei Segaar no op giet, is noch ûnwis.

Foto: Omrop Fryslân

De Graaf: "Een ledenvergadering is een optie, dat is ons bekend. Op dit moment werken we er koortsachtig aan om te kijken hoe we de stappen nu gaan vormgeven. Maar dat we iets gaan doen, is duidelijk. We moeten vechten voor Cambuur. We vinden dat ons onrecht aan is gedaan. We hebben vele steunbetuigingen gehad en mede daardoor voelen we ons gesterkt."

Ek yn de media, sels yn it bûtelân, is der in soad omtinken foar de kar fan de KNVB om in klup as Cambuur mei 11 punten foarsprong nei trijekwart fan it seizoen net promofearje te litten. Ingelske media, bygelyks de BBC en The Guardian, pikten it nijs op en ek de New York Times. De Graaf: "Als er zelfs in de wereldjournalistiek aandacht aan wordt besteed, geeft dat de verwondering wel aan."

In gearwurking mei De Graafschap, dy't as nûmer twa fan de kompetysje ek stappen ûndernimme wol, slút De Graaf net út. De klup út Doetinchem wurket ek gear mei Segaar. "Waar we elkaar kunnen versterken, gaan we dat doen. We hebben dezelfde jurist, dezelfde belangen. De relatie met De Graafschap is uitstekend en we zitten in hetzelfde schuitje."

Earedifyzje mei 20 klups

De Graaf is noch altyd lilk oer it beslút fan de KNVB fan ôfrûne freed: "Aan de bovenkant van de eredivisie beslis je de belangrijkste posities op doelsaldo, weliswaar ingegeven door UEFA-beleid. Maar er staat je niets in de weg om dat ook toe te passen op de onderkant van de eredivisie en de bovenkant van de Keuken Kampioen Divisie. Dat betekent degraderen en promoveren."

It plan foar in earedifyzje mei 20 klups sjocht hy boppedat ek noch sitten. "Als je zegt: we vinden degraderen een stap te ver, ga dan de eredivisie naar 20 clubs brengen. Dat idee is echter ook te snel aan de kant gelegd. Dus er liggen zeker kansen, maar dit zijn de dingen die me het meeste dwarszitten."

Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur

Cambuur en De Graafschap wurkje gear - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)