Wobbe van Seijen: "Sûnder muzyk wurdt it foar my hiel dreech om te libjen"

29 apr 2020 - 10:37

De skrik sit der noch hieltyd bot yn by platesaakeigener Wobbe van Seijen en de bewenners fan it útbrânde gebou oan de Foarstreek yn Ljouwert. Ferline wike tongersdei ferneatige in fûle brân it gebou dat neist bewenning ek brûkt waard foar de opslach fan platen en cd's. Wobbe syn winkel sit neist it ôfbrânde pân en oan de oare kant is in kapperssaak. Beide saken hawwe in protte reek- en wetterskea oprûn.

Foto: ProNews

Sawol op Wobbe as de bewenners hat dizze brân in soad yndruk makke. "Ik ha ôfgryslik min sliept. It is in dei dy't je hiel gau ferjitte moatte", fertelt Wobbe. Op nûmer 14 siet Van Seijen syn platesaak en in doar fierder syn opslach. "Ik ha op nûmer 14 west, mar ik lûk it noch net om nei nûmer 16 te gean", fertelt Van Seijen emosjonearre.

Yn de opslach hie Van Seijen in grutte platesamling mei tal fan unike eksimplaren, guon sinjearre troch bekende artysten. Yn totaal sa'n fjirtich jier oan muzykhistoarje. De kolleksje wie fan grutte emosjonele wearde foar Wobbe. "Guon dingen wolst no net oan tinke, om't se bepaalde herinnerings by dy nei boppe bringe."

"Ik moast mysels derhinne slepe"

Doe't Wobbe it berjocht ûntfong dat der brân wie yn syn saak, koe er it net opbringe om fuortendaalks der nei ta te gean. "It ha de auto delsetten en earst in glês wetter naam, want myn mûle wie sa ferskriklik drûch. Doe bin ik der mei knikkende knibbels nei ta rûn, ik moast mysels derhinne slepe."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Wobbe waard earst opfongen yn in oare winkel op de Foarstreek en is de minsken yn de saak tige tankber foar harren help. "Mar hoe no fierder? Sûnder muzyk wurdt it foar my hiel dreech om te libjen. Ik moat de kop der wer foar hawwe, mar ik ha no de romte net om dingen goed del te setten. Sadree't ik dy wer ha, wol ik direkt wer fierder."

Hy gie tiisdei noch efkes by syn bernsbern del dat jierdei hie, mar naam dêrby net syn gebrûklike rûte oer de Foarstreek. Dêr woe er foarearst noch net del, om't dat te pynlik is. "Mar op in gegeven momint moatst der dochs hinne."

Beharkje hijr Wobbe van Seijen syn folsleine ferhaal

Yn de apparteminten boppe de plate-opslach wennen seis minsken. Ien fan harren is Rixt de Boer: "Ineens hoorde geschreeuw in het studentenhuis naast ons. Het klonk echt als paniek: 'Brand, brand, bel 112!'", fertelt se. De reek ferspriede him rap troch de apparteminten. "De rook kwam bij ons door de vloer, het plafond en de stopcontacten heen."

Blyn fan de reek

Doe't Rixt en har húsgenoat nei ûnder giene en nei bûten besochten te gean, murken se al gau dat dat net koe. "We zijn terug omhoog gerend. We gingen gedesoriënteerd het huis door, we werden blind van de rook en die sloeg op onze longen." Rixt en har húsgenoat koene fia it dakterras it hûs út komme. Tiid om noch wat wichtige spullen te pakken, wie der net. "Toen we op het terras stonden, beseften we: het gaat er helemaal aan."

De apparteminten wiene neffens Rixt hielendal yn oarder. "We hadden een goede huisbaas en het waren drie zeer luxe appartementen, waarin alles tiptop in orde was. We hadden ook een vuurwerende vloer, wat ons wellicht ook gered heeft."

Beharkje hjir Rixt de Boer har folsleine ferhaal

Rixt de Boer - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Sawol Wobbe as de bewenners fan de apparteminten binne net te sprekken oer hoe't se opfongen binne troch de helptsjinsten. Se fine dat se oan harren lot oerlitten binne dy dei en de dagen dernei.

Rixt: "De meiden van Handhaving waren heel duidelijk en kwamen met orders die wij op dat moment, in onze paniek, nodig hadden." Doe't se bûten kamen, sei de plysje lykwols tsjin harren dat se oan de kant gean moasten, om't se it gebiet oan it ôfsetten wiene. "Ik heb er later nog wel mee geworsteld dat er zo is gereageerd..."

(Advertinsje)
(Advertinsje)