Hoe is it mei jo?

It coronafirus behearsket al in skoft ús libben. It liket wol oft it yn de wrâld oer hast neat oars mear giet. We komme sa min mooglik by mekoar, we hâlde ús oan de oardel meter, waskje de hânnen omraak en wurkje safolle mooglik thús, dêr't ek de bern skoalwurk dogge. De fraach is, hoe lang hâlde we dit fol, wat betsjut it foar minsken en harren takomst.
It bringt ús by de fraach: Hoe giet it mei jo, dy en dus jim?!
Hoe is it mei jo?
We sette ús kanalen alle woansdeis iepen foar ús harkers dy't harren ferhaal kwyt wolle.
Wolsto dyn ferhaal diele? Dat kin fia:
© Omrop Fryslân
Simone Scheffer en Aukje de Hoop fertelle oer de nije rige