Politike partijen Eaststellingwerf tsjin parkearjild by natuergebieten

Parkearjild betelje ast in frisse noas helje wolst yn de natuer. As it oan Natuurmonumenten leit, wurdt dat gau ynfierd by de natuergebieten dy't de organisaasje yn behear hat. Yn Eaststellingwerf falle it Drents-Friese Wold en it Fochteloërfean ûnder Natuurmonumenten. Trije politike partijen yn de gemeente sjogge it absolút net sitten dat automobilisten dêr yn de takomst ta de bûse moatte om yn de natuer te kuierjen.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De partijen OoststellingwerfsBelang, StellingwerfPLUS en Wij Lokaal wolle net dat it gemeentebestjoer meiwurket oan it plan en ha in moasje yntsjinne. Dy soe tiisdetejûn behannele wurde yn de riedsgearkomste - de earste digitale - mar dy foel yn it wetter troch technyske problemen.
Fraksjefoarsitter Henk Dongstra fan OoststellingwerfsBelang, de grutste partij yn de gemeente, hat gjin goed wurd oer fan de plannen fan Natuurmonumenten. It past neffens him net by wêr't de gemeente foar stiet. "Als je pretendeert een gemeente te zijn die recreatie en toerisme hoog in het vaandel heeft, vinden wij het geen goed idee dat je recreanten vervolgens laat betalen om in een natuurgebied te komen. Ze mogen er wel gratis in, dat klopt. Maar ze moeten dus wel gaan betalen voor parkeren."

Hifkje nei plan

Dat is noch net wis, it is in plan. "Maar je kunt beter preventief handelen dan wachten tot het concreet is geworden", fynt Dongstra. De trije partijen wolle dat it kollege fan boargemaster en wethâlders by Natuurmonumenten hifket wat no krekt it plan is yn de natuergebieten fan Eaststellingwerf. "En dan willen we dat ze hun afkeer duidelijk maken."
Dongstra kin him yntinke dat Natuurmonumenten kosten makket foar it underhâld fan gebieten. "Mar", seit er, "als politieke partijen denken wij dat er ook andere middelen zijn die daarvoor kunnen worden gebruikt. De vaste leden van Natuurmonumenten betalen contributie en daarnaast is er een bijdrage vanuit de rijksoverheid."

Oerlêst

Ek binne de partijen benaud dat it betelle parkearjen liede sil ta parkearoerlêst foar omwenners yn de buert. "En dan kan er alsnog schade worden toegebracht aan de natuur. Dat willen wij ook niet."
Natuurmonumenten wol gjin ynhâldlike reaksje jaan. Wol lit de feriening witte earst sels mei de gemeenten om tafel gean foardat de definitive plannen nei bûten brocht wurde.
Harkje nei Henk Dongstra