Cambuur-petysje fan 15-jierrige Erjen al mear as 24.000 kear ûndertekene

29 apr 2020 - 06:59

Doe't Erjen Bildt fan Ljouwert freed hearde dat Cambuur net promovearre nei de earedifyzje kaam er yn aksje. Hy fûn dat de Ljouwerter klup sa ûnrjochtfeardich behannele wie dat der wat dien wurde moast. Op ynternet sette er útein mei in petysje "Cambuur en De Graafschap naar de eredivisie". Hy hie hope op sa'n tûzen hantekens, mar de petysje is yntusken al troch mear as 24.000 minsken ûndertekene.

Petysje oanbiede

It doel fan Erjen is om de petysje oan te bieden oan it fuotbalbûn KNVB en der sa foar te soargjen dat it beslút dat SC Cambuur net promovearje sil opnij besjoen wurdt.

Erjen is 15 jier en wennet yn Ljouwert. Hy hat de leafde foar Cambuur net mei de sprekwurdlike brijleppel yngetten krigen. Krekt net. Syn heit hat neat mei fuotbal, dy is fan de Formule 1. Mei freonen giet hy wol nei Cambuur. Hy fynt it in moaie klup, benammen ek om de histoarje fan de klup. De link tusken it wapen fan Cambuur en de famylje Van Camminga, in famylje fan adel út de Midsiuwen.

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei Erjen de Bildt

Erjen de Bildt betocht de petysje - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Boargemaster Buma

Erjen krijt in soad reaksjes op de petysje. Sels de boargemaster fan Ljouwert twittere deroer. "Ik vond het mooi om te zien dat burgemeester Buma twitterde over de petitie". En wêrom in petsysje foar Cambuur én De Graafschap? "Ik vind dat als Cambuur promoveert dat dan De Graafschap dat ook moet. Zij staan ook ver voor."

FIFA 16

Stikem hie er al in bytsje hope op in feestje fan 'syn klupke' by de Aldehou wannear't syn Cambuur kampioen wurde soe. It mocht lykwols net sa wêze troch it útbrekken fan it coronafirus. As syn petysje net helpt dan sit der mar ien ding op foar Erjen. "FIFA 16 spelen. Doe siet Cambuur noch yn de earedifyzje en dan help ik ze naar de Champions League."

(advertinsje)
(advertinsje)