Soarchmeiwurkers yn ferpleechtehuzen riede har ta op coronabesmettingen

29 apr 2020 - 06:00

Gewoanwei jout Klaas Vaatstra les oan it Friesland College. Mar de skoalle is ticht en dus makket Vaatstra himsels no op in oar plak nuttich. Hy jout COVID-trainingen oan soarchmeiwurkers fan ferpleechhuzen fan Meriant.

Foto: Omrop Fryslân

De training is foar alle meiwurkers dy't op de ôfdielingen wurkje. Dus ferpleechkundigen, fersoargende IG, 'woon-leef'-assisinten, stazjêres mar ek foar skjinmakkers. "Yn de kursus fertelle we oer hoe'tst COVID werkenne kinst en wat ast dwaan moatst as in bewenner COVID hat", fertelt Klaas Vaatstra. Hy leit ek út hoe't jo bygelyks in mûlkapke goed opdogge en hoe't jo omgean moatte mei beskermjende klean.

De útbraak fan it coronafirus nimt yn ferpleechhuzen hieltyd rapper ta. In tal stjergefallen rint nei de tûzen. En úteinlike sifer leit heger, om't de helte fan de ferpleechhuzen yn Nederlân de gegevens trochjûn hawwe.

It is wichtich dat ek soarchmeiwurkers yn ferpleechhuzen goed op 'e hichte binne oer hoe't se hannelje moatte mei COVID. Meiwurkers fan Meriant Zorggroep kinne alles online leare yn in e-learning-pakket dat it bedriuw gearstald hat. Mar dochs hawwe in protte meiwurkers ferlet fan in training. Sa kinne se fuortendaliks ien op ien fragen stelle dy't se hawwe.

Elly van Veen is ien fan de ferpleechkundigen fan wensoarchsintrum Anna Schotanus op It Hearrenfean. Sy hat de training in oantal wiken lyn al hân. "Ik haw dat as hiel noflik belibbe. Fansels hawwe wy as ferpleechkundigen ûnderfining mei besmetlike syktes. Mar COVID is wer hiel oars. It is in hiel werkenber firus, as jo it ien kear sjoen hawwe. Mar it hat sa'n grillich ferrin." Van Veen fernimt no ek dat der troch de trainingen in protte rêst weromkaam is by har kollega's. "Minsken kinne no al harren fragen stelle. En dat nimt soargen wei."

Vaatstra fynt it hiel bysûnder dat er no net foar de klasse stiet, mar foar soarchprofesjonals. "Normaal haw ik te krijen mei studinten. En yn in klaslokaal sitte se yn groepkes en wolst se yn aksje sette. Dat kin no net." Oan elke training kinne net mear as fyftjin minsken meidwaan. Dy moatte allegear oardel meter faninoar ôf sitte en ynteraktiviteit kin ek net, want se meie inoar net oanreitsje. Dus binne de trainingen binne abstrakt. Dêrby hawwe minsken dy't al yn de soarch wurkje, hiel oare fragen as learlingen."Se hawwe al ûnderfining mei de soarch, dus se stelle mear praktyske fragen, lykas hoe't jo mei famyljeleden omgean moatte dy't dochs nei it ferpleechtehûs komme, wylst se net op besite komme meie. Of by wa't jo telâne kinne as jo gewoan oer COVID prate wolle."

(advertinsje)
(advertinsje)