Wa wit mear oer wite bestelwein yn ferbân mei grutte brân Easterwâlde?

28 apr 2020 - 22:51

De plysje wol mear witte oer in wite bestelauto yn ferbân mei brânstichting yn Easterwâlde. Ein febrewaris baarnde in grutte loads oan de Houtwâl mei dêryn guod fan acht ûndernimmers oan de grûn ta ôf. De saak kaam tiisdei oan de oarder yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.

Tige grutte brân Easterwâlde - Foto: De Vries Media

De brân wie sa grut dat mear as hûndert brânwachtlju yn aksje komme moasten. Der ûntploften gasflessen yn it gebou dêr't ûnder oare in houtbewurker en in tal merkelju harren guod opslein hawwe. Pas nei santjin oeren wie de brân út.

Wite VW Caddy

In oere foar de ûntdekking fan de brân kaam oer de Venekoterwei in wite bestelauto oanriden út de rjochting fan de N381. Op de bylden is te sjen dat de auto linksôf slacht de Houtwâl op nei de loads. Efkes letter bliuwt de auto foar de loads stean. De ljochten gean út en der stapt ien út. De persoan makket nei alle gedachten de roldoar iepen en de auto rydt de loads yn. Sawat in oere letter binne op de bewakingskamerabylden ynienenen grutte flammen te sjen. De bestelauto rydt hurd fuort de Molenweg op. Efkes letter is de auto ek te sjen by in benzinepomp op de Vaart Noordzijde yn Appelskea. Dêrnei is de auto nei alle gedachten trochriden rjochting de N371 by Hijkersmilde.

Sjoen by it tanken?

De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't de wite Caddy earder sjoen hawwe yn de buert. Mooglik hawwe de ynsittenden earne benzine tankt mei in jerrycan en is dat opfallen. Of wit ien miskien wat der achter de brânstichting sitte kin, dy't dien is mei brânbere floeistof yn de merke-attraksjes. Ynformaasje kin trochjûn wurde op it plysjetelefoannûmer 0800- 6070 of anonym op Meld Misdaad Anomien 0800- 7000.

(advertinsje)
(advertinsje)