Cambuur nimt advokaat yn 'e earm om promoasjestriid

Cambuur ûndersiket juridyske stappen mei help fan advokaat sport en rjocht Dolf Segaar. Dat meldt de klup op de eigen webside. Dêrmei wolle se it beslút fan de KNVB oanfjochtsje en dochs noch promoasje nei de earedifyzje ôftwinge. Fanwege corona waard de kompetysje stillein en promovearren de Ljouwerters dy't der poerbêst foarstiene, net.
© Omrop Fryslân
Segaar hat earder ek FC Twente bystien yn in juridyske striid tsjin de KNVB. "Vooralsnog houden we alle opties open en onderzoeken we gezamenlijk wat de meest kansrijke route naar rechtvaardigheid is. Waar het elkaar versterkt zullen we samen met De Graafschap optrekken in dit proces. Hier zal de komende dagen meer over bekend worden." sa is te lêzen op webside fan Sportklup Cambuur.