Skiedings yn coronatiid; De Schuilschuur Aldebiltsyl kin help biede

28 apr 2020 - 18:21

Skiedings lizze op 'e loer no't we in soad by elkoar op 'e lippe sitte. Wannear't it dan safier komt, is it net foar elkenien like maklik om nije wenromte te finen. Dêrneist is it in drege tiid dêr't in soad yn ferwurke wurde moat. De Schuilschuur fan Neeltje van den Brand yn Aldebiltsyl kin in tydlike oplossing wêze om ta rêst te kommen.

Ik verwacht heel erg dat er een hoger scheidingspercentage gaat komen, helaas. Vandaar dat we graag in oktober open willen.

Neeltje van den Brand

Yn de âlde skuorre oan it hûs fan Neeltje van den Brand yn Aldebildtsyl wurde twa apparteminten makke. Ien mei twa sliepkeamers, sadat eventueel bern der ek ferbliuwe kinne. En ek al moat der noch in soad barre oan de skuorre, it is fan belang dat de Schuilschuur sa rap mooglik iepen kin. "Ik verwacht heel erg dat er een hoger scheidingspercentage gaat komen helaas. Vandaar dat we graag in oktober open willen", seit Neeltje van den Brand.

Crowdfundingsaksje

Mar foar de skûlskuorre is jild nedich. Al trije jier rint der in crowdfundingsaksje foar it projekt fia de webside getfunded. Troch de coronakrisis leit dat wol wat stil, lykas de wurksumheden oan de skuorre. 0 "We krijgen nog grote en kleine giften binnen, we zijn overal blij mee, dus dat blijft wel lopen. Maar het moet nu even een eindspurt krijgen".

Yn dizze lêste faze fan it projekt is noch sa'n 7.500 euro nedich. In soad materialen binne skonken, mar it jild is nedich foar ynstallaazjewurk, elektra, glêswurk, stukadoors, de ôfwurking fan de flieren. Dat moat troch bedriuwen dien wurde en dat kostet jild. It measte wurk is oant no ta troch frijwilligers dien, mar dy sitte no thûs, lykas de heit fan Neeltje. Hy is 83 en yn feite de opsichter fan it projekt. Neeltje's heit wennet yn Brabân en mei om dy reden komt er net nei Aldebildtsyl.

Foto: Omrop Fryslan

No al animo foar de Schuilschuur

De Schuilschuur is it dreamprojekt fan Van den Brand. Se wol, ek al binne de tiden dreech, der foar soargje dat de skuorre yn oktober iepen kin. Hast alle wiken krijt se fan minsken mailtsjes mei de fraach oft de apparteminten al beskikber binne. Se fielt dus dat de fraach no grutter is as ea: "Ik vind de Schuilschuur heel belangrijk, omdat ik zelf in een situatie heb gezeten waarin ik te lang ben blijven wonen in een huis met mijn ex. En dat leverde enorm veel stress en problemen op."

Neffens Van den Brand is it nedich om in goed dak boppe de holle te ha om't dat ek in stikje stress weinimt. En net elkenien kin rap in wente fine. "Van stress word je ook ziek. Als je radeloos bent en in de stress zit, heb je even wat rust nodig, wil je de vogeltjes horen fluiten, in de tuin zitten, even helemaal niks".

En dat kin hiel goed yn Aldebildtsyl, want it iennichste wat je om de Schuilschuur hinne hearre binne de wyn en fûgeltsjes. Neeltje hopet dan ek dat it lêste bedrach gau binnen is en se nettsjinsteande de coronakrisis yn de simmer wer fierder kinne mei de bouwurksumheden.

(advertinsje)
(advertinsje)