Brân Dokkum: slachtoffer net swierferwûne troch fjoer, mar troch geweld

De frou dy't yn de nacht fan snein op moandei swier ferwûne út in brânend hûs út Dokkum helle is, is net troch de brân ferwûne rekke, mar troch geweld. Yn de saak is in 34-jierrige Ferwerter oanholden. Hy wurdt fertocht fan brânstichting en poging ta deaslach.
Ferwerter (34) fertocht fan poging deaslach; frou swierferwûne troch geweld
It slachtoffer, in frou fan 29 út Dokkum, is in bekende fan de fertochte. It hûs waard yn brân stutsen doe't it slachtoffer en har dochter fan 3 jier noch yn it hûs wiene. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs. De frou leit noch op de intensive care fan it UMCG yn Grins.
De brân wie middenyn de nacht fan snein op moandei. De plysje kaam as earste oan by it hûs oan De Schans. Sy besochten de frou út de garaazje te heljen, mar troch de brân slagge dat net. Doe lei ek de dochter noch op de boppeferdjipping fan it hûs. De brânwacht hat in pear minuten letter de frou en de dochter rêden.
Wat krekt de relaasje tusken de fertochte en it slachtoffer wie, hat de plysje net bekend makke. De buert is yn shock, minsken yn de strjitte sizze dat it in hiel rêstige buert is.
De technyske resjerzje hat tiisdei noch in grut part fan de dei ûndersyk dien yn de wenning. De plysje is noch op syk nei tsjûgen. Se sykje benammen mear ynformaasje oer in donkergrize Volvo mei in fytsedrager.
Ferslachjouwer Ben de Jager oer poging ta deaslach Dokkum