Bern oant 18 jier meie woansdei wer mei-inoar sporte

Fan woansdei ôf mei der wer sporten wurde troch bern. Bern yn de basisskoalleleeftiid kinne los wannear't se mar op oardel meter ôfstân bliuwe fan harren trainer. Underling meie se wol tichter by elkoar stean. De jeugd fan 12 oant 18 jier mei ek wer sporte, mar dy moatte wol op oardel meter fan elkoar bliuwe. De needferoardering is ûnderwylst noch net oanpast. Kinne bern dan aanst juridysk sjoen dochs noch in boete krije foar gearkloftsjen op it sportfjild?
NOCH Needferoardering noch net oanpast
"It is de bedoeling dat se yn alle gefallen ûnder begelieding fan in trainer sporte. Alders meie der net by te sjen oan de sydkant fan it fjild. De oare ôfspraken lykas thús dûse en omklaaie moatte yn oerlis mei de gemeente ôfpraat wurde", sa seit Wim Kleinhuis fan Feiligheidsregio Fryslân.
Foar de jeugd oant de 18 jier jildt dat se op oardel meter ôfstân fan inoar bliuwe moatte. "Sportklups moatte in goed plan hawwe hoe't se dat oanpakke. Fuotbalje kin dan net, mar in oanpaste fariant kin wol, mar dan je meie inoar net oanfalle."

Sporte mei offisjeel net neffens needferoardering

Fan woansdei ôf mei der dus wer sporten wurde, mar yn de needferoardering stiet noch altyd dat minsken dy't net mei-inoar yn ien hûs wenje of famylje fan inoar binne mei mear as trije minsken gearkloftsje meie. Dat 'samenscholingsverbod' leveret juridysk sjoen wol problemen op at je de letter fan de wet folgje. "Wy hawwe jûn wer oerlis mei it feilichheids beried en dan beprate wy dit aspekt. Wy passe it dêrnei oan yn ús needferoardering en dan is it juridysk allegear wer klopjend", seit Kleinhuis. "Ik haw de ferwachting dat wy dat moarn allegear klear hawwe. Oant dy tiid binne de sportklups nei de letter fan de wet strafber, mar ik tink dat at de sportklups de boel goed op oarder hawwe. en alles yn goed oerlis mei de gemeente taret hawwe, dat der dan net aktyf hanthavene wurde sil."
Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân en Johannes Woudstra fan De Zeerobben
De jeugd mei aanst wer fuotbalje © ANP
Fuotbalklup Zeerobben út Harns is ien fan de klups dy't woansdei yn alle gefallen wer los sil. Foarsitter Johannes Woudstra is der hielendal klear foar. "Ja dat doar ik wol te stellen, mei troch de flotte aksjes dy't ús gemeente sûnt foarige wike naam hat. Wy hawwe it hiele wykein mei de ynstruksjes dwaande west en wy kinne no wol stelle dat we klear binne. Moarn om 17 oere gean wy los."
Woudstra tinkt dat it allegear net sa'n faart rinne sil. "It oerfalt my wol in bytsje, moat ik earlik sizze. Premier Rutte hat foarige wike sels sein dat de bern wer sporte meie. Hy hat him miskien sels sa gau net realisearre dat de needferoardering dan ek oanpast wurde moat. Wy fiere alles út ûnder rezjy en yn gearwurking mei de gemeente. En ûnder dy betinksten foldocht it miskien net hielendal oan de needferoardering, mar it sil wol losrinne."