Corona-aksje jonge dûmny It Hearrenfean lanlik sukses

Houd moed heb lief! It is it opfallend boadskip dat op hieltyd mear ruten en oan flaggemêsten yn Fryslân ferskynt. De tekst komt fan in tsjerke op It Hearrenfean en is betocht troch de jonge dûmny Anne-Meta Kobes (32).
Corona-aksje jonge dûmny Hearrenfean lanlik súkses
Op 8 maart wie de lêste fysike tsjerketsjinst op It Hearrenfean yn de Trinitastsjerke. Sûnt dy tiid betinke predikanten Pieterjan de Buck, Jan van der Veen, Wim Bloemendaal en Anne-Meta Kobes oare wizen om yn kontakt te bliuwen mei har gemeenteleden. Sa binne lykas yn oare tsjerken tsjinsten online te folgjen op in livestream. Dûmny Kobes vlogt foar jongeren. Se stelt fragen oan se en leit út hoe't oaren de coronakrisis belibje.
De poster en flagge-aksje 'Houd moed heb lief' © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Anne-Meta Kobes-Gerritsen (1987, Tytsjerksteradiel) wurket as dûmny fan de Protestantsje Tsjerke yn Nederlân. Sûnt febrewaris 2014 is sy as predikant ferbûn oan de protestantse tsjerke op It Hearrenfean.
boarne: domineekobes.nl
In reportaazje út de lege tsjerke op It Hearrenfean wei dêr it idee weikaam
Mar dêr bleau it net by. De gemeente keas derfoar om by it tsjerkeblêd posters op A3 te dwaan. Op in read stik papier stiet yn grutte wite letters 'Houd moed, heb lief'. It waard op 2200 adressen brocht mei it idee dat minsken se foar de ruten plakke koenen. Dat wie sa'n sukses dat der gau mear posters fan makke binne om't oare tsjerklike gemeenten se ek ha woenen. De tsjerke fertsjinnet neat oan de aksjes, de flaggen wurde ferkocht tsjin de kostpriis fan de flagge.
In lege Trinitas-tsjerke op it Hearrenfean © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yntusken ha mear as tachtich tsjerklike gemeenten frege om de flagge en de posters. Se wurde no troch (jonge) frijwilligers yn doazen dien en op de post dien. "Dit hadden wij nooit verwacht," seit dûmny Kobes. "Het doet pijn dat we elkaar niet meer gewoon in de kerk zien, maar dit kan die pijn een klein beetje doen verzachten. Het is geweldig dat dit hoop en liefde brengt en de mensen een klein beetje in beweging en in contact brengt met elkaar."
Posters troch hiel Fryslân © Omrop Fryslân
De posters en flaggen wurde yn fersierde doazen dien © Omrop Fryslân, Timo Jepkema