Provinsjes stjoere brânbrief oan kultuerminister oer ferdieling coronastipe

28 apr 2020 - 16:52

De provinsjes wolle graach sels bepale hokker kulturele ynstellings oft stipe krije moatte foar de skea dy't se lije troch de coronakrisis. Dat skriuwe se yn in brânbrief oan de fêste keamerkommisje fan kultuer. It Ryk hat 300 miljoen euro útlutsen om de kultuersektor te helpen.

Foto: Omrop Fryslân

Tsien prosint fan dat bedrach, 30 miljoen euro, is beskikber foar de regio. De provinsjes wolle graach sels oer dat jild beskikke. "Wy wolle foaral sjen litte oan de minister (Van Engelshoven, red.) dat as sy kulturele ynstellings stypje wol yn de regio, se dat it bêste op advys fan de provinsjes en gemeenten dwaan kin en net út Den Haag wei sels ta in beslissing komme moat.", leit deputearre Sietske Poepjes út.

DNA fan in regio

Poepjes: "Oan de iene kant hat de minister hurd har bêst dien om in protte jild te peuterjen foar kulturele ynstellings. Dat fertsjinnet in grut komplimint. Mar dat jild moat ek ferdield wurde." De provinsje- en gemeentebestjoerders witte goed wat it DNA fan in regio is, neffens Poepjes. "Brûk ús dêr no by en beslis net oer ús hollen hinne."

'Wie het eerst komt, die het eerst maalt'

De provinsjes en gemeenten wolle net dat der in fokus komt te lizzen op de Rânestêd of grutte spilers en fine dat elkenien yn Fryslân oan bar komme moat. "Wêr wy ek soargen oer ha, is it prinsipe fan 'wie het eerst komt, die het eerst maalt'. Wa't as earste komt, krijt as earste jild."

"Wat je dan ek sjogge, is dat minsken dy't in soad kantoarpersoniel ha gau in ûnderbouwing de doar út stjoere kinne. As je lytser binne, kostet dat mear tiid. Dat jout in skeef byld en lytse ynstellings fiskje dan achter it net."

Te koart troch de bocht

Logysker soe miskien wêze as de 300 miljoen troch tolven dield waard, mar neffens Poepjes wurdt der net echt nei regionale sprieding sjoen. "Ik bin de earste om te sizzen dat dit net ienfâldich is, mar dit giet neffens ús as provinsjebestjoerders krekt wat te koart troch de bocht. As we dit yn goed oerlis dogge en goed op de sprieding lette, dan hawwe we it maksimale resultaat."

Deputearre Sietske Poepjes oer de brânbrief

Brânbrief noardlike teaters

As provinsjes net mei jild oer de brêge komme, dan stiet de takomst fan de teaters yn it noarden faai. Dat skriuwe de direksjes fan fyftjin skouboargen yn it noarden tiisdei oan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Trochdat se de doarren slute moatten ha, rinne se in soad ynkomsten mis. It Ryk komt wol mei jild foar de kultuersektor, mar betingst is provinsjes of gemeenten ek meibetelje. Neffens de teaters ha de gemeenten kwalik jild beskikber foar kultuer. Dêrom dogge se in berop op de provinsjes.

(advertinsje)
(advertinsje)