Lanlike ophokplicht jildt mei yngong fan woansdei net mear

28 apr 2020 - 15:47

De lanlike ophokplicht foar kommersjele plomfeehâlders jildt fan woansdei ôf net mear. Minister Schouten fan Lânbou lûkt de maatregel yn. It risiko fan fûgelgryp is no sa leech, dat ophokke net mear nedich is, neffens de minister.

Piken - Foto: Shutterstock.com

De ophokplicht waard op 12 febrewaris ynsteld, om foar te kommen dat bedriuwen yn Nederlân besmet reitsje soene mei de fûgelgryp. Ferskate Europeeske lannen hiene te krijen mei besmettingen.

De lêste útbraak yn Dútslân wie op 31 maart. Yntusken binne de waarsomstannichheden ûngeunstich foar it firus. En de maitiidstrek fan de wylde wetterfûgels is yn folle gong, de fûgels geane út Nederlân wei. Ek dat wie oanlieding om de ophokplicht yn te lûken.

Trefwurden: 
plomfee ophokplicht
(advertinsje)
(advertinsje)