Alden kinne Taalkado foar poppe krije fan provinsje

28 apr 2020 - 15:20

Alden yn Fryslân krije fan dizze wike ôf in taalkado fan de provinsje Fryslân, wannear't sy de berte-oanjefte dogge by in gemeente dy't oan it projekt Taalkado meidocht. Op de Waadeilannen en Weststellingwerf nei, dogge alle gemeenten mei.

Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje jout sûnt 2008 in bertegeskink út, dat earder it 'Taaltaske' hjitte. Yn it taalkado sitte edukative produkten dy't âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal.

It produkt is in foarstel fan de Afûk. It kado is in boek, dat letter brûkt wurde kin as bewarboek mei oantinkens út de poppetiid. Yn it kado sit ûnder oaren in twatalige ferzje fan It Grutte Foarlêstboek en fleurige flachjes mei in Fryske tekst.

Foto: Provinsje Fryslân

"It soe spitich wêze as ús prachtige taal ferdwine soe", seit deputearre Sietske Poepjes. "Dêrom fine wy it wichtich dat bern al fan jongs ôf oan yn oanrekking komme mei de Fryske taal. It nije Taalkado is in moaie manier om op boartlike wize yn 'e kunde te kommen mei it Frysk."

By it nije bertegeskink binne net allinnich omtinken foar de Fryske taal en meartalich grutbringen in útgongspunt, it moast ek sa sirkulêr en duorsum mooglik produsearre, ynpakt en ferfierd wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)