Oanpaste deadebetinking yn Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf organisearret takom wike in oanpaste 4 maaiebetinking, yn ferbân mei it coronafirus. De betinkingen yn Spangea, Nijeholtwâlde, Aldeholtpea en Wolvegea geane wol troch, mar dan sûnder publyk.
Gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân
Op alle lokaasjes wurdt in krâns lein en dêr is in lid fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders by. Yn Wolvegea hâldt boargemaster André van de Nadort in taspraak. De hiele seremoanje wurdt filme en is letter werom te sjen op de side fan de gemeente Weststellingwerf.