Fan hûs út dwale oer it Waad mei ynteraktive webside

28 apr 2020 - 14:57

In útstapke meitsje nei it Waadgebiet is dreech yn dizze coronatiden. Besikers bliuwe fanneed fuort en sels boargemasters roppe op om net nei de eilannen te kommen. Spesjaal dêrfoar is Dwaalfilm Wadden makke, in ynteraktive webside mei lânskipspanorama's en ynformaasje oer alles wat der libbet op it Waad.

Foto: Dwaalfilm Wadden

Op de webside binne sechstich koarte films te finen. As sjogger kinst it gebiet ferkenne fia kaarten of rjochte sykje mei in ûnderwerpelist. Sa kinne minsken har dochs yn it Waadgebiet wane.

De fideo's binne yn de ôfrûne jierren makke troch in lyts team ûnder lieding fan natuerfilmer Monique Moors. It is de bedoeling dat de webside de kommende jierren útwreide wurdt mei 160 miny-dokumintêres.

De webside is makke troch Rombus Natuurfilms en ûnder oare finansiere troch it Waadfûns, de Fûgelbeskerming en Natuermonuminten, mei help fan de Waadferiening, Steatsboskbehear, de Waadunit en ferskate oare organisaasjes en persoanen.

(advertinsje)
(advertinsje)