Jens Odgaard en Trevor Doornbusch fuort by SC Hearrenfean

28 apr 2020 - 14:18

Spits Jens Odgaard en doelman Trevor Doornbusch geane fuort by Sportklup Hearrenfean. De Deen Odgaard waard hierd fan Sassuolo út Italië, Doornbusch wie de lêste jierren reservekeeper. Syn kontrakt rûn ôf.

Jens Odgaard tsjin Sparta - Foto: www.orange-pictures.nl

De 21-jierrige Odgaard kaam ôfrûne simmer oer fan Sassuolo. Yn 24 wedstriden foar Hearrenfean skoarde de spits sân kear en joech er ien assist. Doornbusch (20) kaam yn de simmer fan 2013 oer fan amateurklup Roda'23 út Bovenkerk. Nei in pear jierren yn de jeugdoplieding wie er de ôfrûne seizoenen tredde keeper achter Warner Hahn en Filip Bednarek.

"Jens heeft zich hier als speler en persoon goed ontwikkeld", seit technysk manager Gerry Hamstra oer Odgaard. "Hij keert straks terug naar Sassuolo en vanuit daar zal bekeken worden waar zijn toekomst ligt."

Hamstra oer Doornbusch: "Trevor is een keeper met potentie maar heeft op dit moment te weinig perspectief bij sc Heerenveen. Daarom is het beter dan onze wegen scheiden. We danken beide spelers voor hun geweldige inzet bij de club en wensen hen alle succes in hun verdere carrière."

(advertinsje)
(advertinsje)