Ljouwerter (42) ferwûne nei rûzje mei buorman

28 apr 2020 - 14:13

In man fan 42 jier út Ljouwert is ferwûne rekke nei't er spul hân hie mei syn buorman. Dy buorman fan 31 jier is oanholden en wurdt fertocht fan mishanneling.

Foto: De Vries Media

De plysje hie in melding krigen fan in stekpartij oan de Tijnjedijk yn Ljouwert. Doe't se oankamen, seagen se dat it slachtoffer ferwûne wie oan syn hân. Dat is mooglik bard doe't er in mes pakte by in konfrontaasje mei syn buorman.

Wat de oanlieding fan de rûzje wie, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)