Dronetochten boppe Fryslân skrast fanwegen minne waar

28 apr 2020 - 14:00

De organisaasje fan Fryslân fan Boppen hat besletten om de lêste draaidei foar it projekt stil te lizzen. Reinbuien boppe de provinsje smite roet yn it iten. "Wy kinne de feilichheid no net mear garandearje", seit Lieuwe Krol fan de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân

De twa droneteams soenen tiisdei op de lêste draaidei fan Fryslân fan Boppen bylden meitsje boppe de Marrerûte. "Wy binne fan 'e moarn al úteinset en hawwe ek aardich wat bylden meitsje kind. It iene filmteam hat lykwols by Goaiïngaryp it wurkdellein. It oare team is oant Blauhús kaam. Der binne noch wol bylden makke, mar net alles stiet der dus op."

Minsken kinne har kreative bydragen ek sels fêstlizze. "Bygelyks út in dakrút. Sy meie de foto's en filmkes dan nei ús tastjoere foar tiisdeimiddei om 18.00 oere en wy soargje der dan foar dat dy bylden noch brûkt wurde sille yn ús montaazje." Minsken kinne maile nei: fanboppen@gmail.com

Lieuwe Krol fan Fryslân fan Boppen

'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.

Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma De Middei fan Fryslân) tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

Trefwurden: 
drones Fryslân fan boppen
(advertinsje)
(advertinsje)