Studinten hawwe noed oer harren privacy by online tentamens

28 apr 2020 - 13:24

Studinten meitsje har soargen oer de digitale surveillânse by it meitsjen fan tentamens. Se binne foaral benaud dat harren privacy yn gefaar komt troch it programma dat se op har kompjûter downloade moatte. Ferskate jongerein- en studinte-organisaasjes ha dêrom in brief stjoerd nei ûnderwiisynstânsjes en it ministearje fan Underwiis.

In webcam - Foto: Shutterstock.com

De studinten moatte in programma downloade en wurde dan fia de webcam yn de gaten hâlden. "Ons gedrag op de computer wordt gevolgd. Dus wat wij precies met de muis doen wordt gevolgd tijdens de tentamens", leit Janne Dam, studinte Bestjoerskunde oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert en foarsitter fan de Jonge Democraten yn Fryslân, út.

Sy hat sels ek in tentamen mei dat programma makke en moast foarôfgeand har keamer sjen litte. "Dus het programma weet nu ook waar je precies woont."

Wat bart der mei gegevens?

De studinten meitsje har dêrom soargen oer de privacy dy't se noch hawwe. Dam: "Wat we zien, is dat deze programma's behoorlijk impact hebben op onze privacy. Het wordt onduidelijk wat er met de verzamelde gegevens gebeurt en wanneer iets als fraude bestempeld wordt." De studinten witte no net goed wêr't se oan ta binne.

Op syk gean nei goeie alternativen

Dam hat wol oplossingen foar dit probleem. "We roepen scholen en instellingen op om samen met de studenten creatief op zoek te gaan naar goede alternatieven, zoals openboektentamens, vervangende opdrachten of kleinschalige fysieke toetsen in het schoolgebouw waarbij de hygiënemaatregelen in acht worden genomen."

Janne Dam oer de privacy by it meitsjen fan online tentamens

(advertinsje)
(advertinsje)