Drokte by ferwurker Omrin: kwart mear ôffal fanwegen coronakrisis

28 apr 2020 - 13:09

Der komt yn dizze coronatiden in kwart mear ôffal binnen by de fêstigingen fan ferwurker Omrin. Dat soarget derfoar dat de wurknimmers fan de ôffalferwurker it op dit stuit folle drokker hawwe as oars. "It is fol gas wurkjen mei syn allen, mei dûbele ploegen", fertelt plantmanager Rein van der Zwaag fan Omrin.

No't minsken mear thús binne en wurkje, hat dat ek gefolgen foar it ôffal dat minsken fuortsmite. Net allinne it hoemannichte is tanommen, mar ek de gearstalling fan it ôffal is feroare. En dat fernimme de wurknimmers fan Omrin, bygelyks by de fêstiging De Wierde by Aldehaske.

"It ôffal wat hjir nei ta brocht wurdt, wurdt hjir yn bunkers stoart", seit Van der Zwaag. "Dat wurdt dêrnei skieden en bewurke om dêr wer grûnstoffen fan te meitsjen. Mar wat der krekt binnen komt, dat is bot feroare."

Rein van der Zwaag fan Omrin

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der is benammen folle mear metalen ôffal, lykas blik fan hâldbere produkten. "Dêr wurdt no folle mear fan binnen brocht. Minsken binne dochs wat oan it hamsterjen fanwegen corona, sa blykt wol."

Utdagingen

Dy coronakrisis soarget yn totaal foar in kwart mear ôffal by Omrin. Op logistyk mêd, mar ek kwa ûnderhâld, jout dat útdagingen foar de ôffalferwurker.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Omrin ôffal Aldehaske
(advertinsje)
(advertinsje)