NOS-korrespondint Dick Drayer op Curaçao: "Koningsdag was dit jaar oersaai"

28 apr 2020 - 13:05

Op Curaçao, sa'n 10.000 kilometer fan Fryslân, wurdt lykas hjir ek altyd Keningsdei fierd, mar der wie dizze edysje gjin oranje te bekennen, fertelt âld-Drachtster en NOS-korrespondint Dick Drayer. "Het is nog nooit zo saai geweest als dit jaar. Ik kijk altijd erg uit naar Koningsdag op Curaçao. Dat wordt hier altijd uitbundig gevierd, maar dit jaar was het wel echt oersaai."

Foarich jier wie Curaçao wol oranje mei Keningsdei - Foto: ANP

"Koningsdag op Curaçao lijkt normaal gesproken op hoe het in Nederland gaat zoals met vrijmarkten. Dan is het eiland echt oranjegekleurd: de liefde voor de koning en het koningshuis is veel groter dan in Nederland en dat oranje-element is ook wat Curaçao met Nederland en de andere Caribische eilanden verbindt. Maar deze editie van Koningsdag was toch wel oersaai, zonder vlaggen en oranje."

Dick Drayer - Foto: NOS

Measte stazjêrs werom nei hûs

Alle jierren komme der sa'n 1.200 stazjêrs út Nederlân nei Curaçao ta, dy't dêr foar sa'n seis moanne by bedriuwen staazjerinne. Neffens Drayer binne dêr noch mar in hantsjefol fan oer. "Het werk ligt hier helemaal stil. Sommigen zijn hier gebleven, omdat ze dachten dat het na twee maanden wel weer zou aantrekken, maar dat is nog maar zeer de vraag."

In folslein lege 'Pontjesbrug', in populêre bestimming fan toeristen - Foto: ANP

Gjin toerisme is funest foar de ekonomy

De earste maatregels dy't it Curaçaose regear naam binne fan 13 maart. Sûnt dy datum binne alle ynternasjonale fleanferbinings nei en fan Curaçao stillein. En dat is fuort in tige grutte oanslach op it toerisme foar it eilân Curaçao dat sa'n 160.000 ynwenners telt. "Nederland is toch wel de grootste leverancier van het toerisme hier en die toeristenstroom ligt nu volledig op zijn gat. Zo'n 16.000 Curaçaoënaars leven van het toerisme en deze mensen zitten nu allemaal werkloos thuis." Op de strannen lizze gjin toeristen mear de sinne te oanbidden, der binne gjin dûkers dy't ûnder wetter fan de prachtige koralen genietsje en de beachclubs meie nimmen mear foar harren happy hours útnûgje.

Sjoernalist Dick Drayer wurket mei in mûlkapke op - Foto: Dick Drayer

Om foar te kommen dat it firus him op Curaçao sels ferspriede kin, hat it regear fierdere maatregels naam. Sûnt 29 maart sitte de eilanners sels al thús. "Op ons eiland hebben we 'slechts' veertien coronapatiënten en een sterfgeval. Men dankt dat aan het rigide beleid om de toeristen te weren en de mensen hier op twee meter op afstand te houden. Verder zijn alle restaurant en winkels gesloten. Alleen de supermarkten zijn nog geopend. En verder is er een maatregel dat je maar twee keer per week met je auto de weg op mag, afhankelijk van de letters op je nummerbord."

NOS-korrespondint Dick Drayer op Curaçao

(Advertinsje)
(Advertinsje)