Wrâldbekerfinale reedriden takom seizoen wer yn Thialf

De wrâldbekerfinale fan takom reedrydsseizoen wurdt wer holden yn Thialf op It Hearrenfean. It ynternasjonaal reedrydbûn ISU hat de nije wrâldbekerkalinder bekend makke. Ek yn 2022 is de wrâldbekerfinale yn Nederlân, mar it is noch net bekend wêr krekt.
Thialf © www.orange-pictures.nl
As it takom seizoen wer mooglik is om sportwedstriden te organisearjen, dan begjint de kommende wrâldbekersyklus yn it twadde wykein fan novimber yn Poalen, yn Tomaszów Mazowiecki. Dêrnei binne wedstriden yn Stavanger (Noarwegen), Salt Lake City (Feriene Steaten), Calgary (Kanada) en Changchun (Sina), wêrnei't de finale dus yn Thialf is.
It seizoen dêrnei binne de earste fjouwer wedstriden op deselde plakken. De wedstriid yn Changchun ferfalt yn 2022, omdat dan de Olympyske Winterspelen binne. Dêrnei is noch wol de wrâldbekerfinale yn Nederlân.

Ofstânskampioenskippen

Ek de Europeeske ôfstânskampioenskippen binne de kommende twa seizoenen yn Thialf. Dat giet om in foarriedige tawizing. De WK ôfstannen fan 2021 binne yn it Sineeske Beijing, itselde plak as de Spelen fan 2022. Yn 2022 binne de WK ôfstannen yn Hamar, Noarwegen. Ek dêrby giet it om foarriedige tawizings.