GGD: Opnij ien persoan ferstoarn oan corona, twa nije positive tests

28 apr 2020 - 12:05

Der binne de ôfrûne 24 oeren ien coronastjergefal en twa nije positive tests meld. Dat meldt GGD Fryslân. Yn totaal binne der yn Fryslân no 59 minsken ferstoarn oan it coronafirus en 504 minsken posityf test. Dêrby giet it noch altyd om it oantal befêstige coronastjergefallen en -besmettingen. De echte getallen lizze heger, om't net elkenien test wurdt.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Al dagen achter inoar skommelje de sifers yn Fryslân om deselde oantallen hinne. "We zien al een hele tijd een ongeveer gelijk beeld met niet meer stijgende cijfers, dus in die zin is het op dit moment onder controle", seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân.

Mar dat giet neffens him wol ten koste fan de maatskippij, want dy bliuwt op slot. "Je kunt zeggen dat de maatregelen hun werk doen. Maar de kunst wordt straks om bijvoorbeeld verpleeg- en verzorgingshuizen en de horeca toch weer een beetje open te zetten. Waar kunnen we dat loslaten zonder dat de cijfers heel hard stijgen?"

Boarne- en kontaktûndersyk

De GGD docht net mear by elkenien boarne-ûndersyk. Hofstra: "De meeste mensen die we testen zijn zorgmedewerkers. Vaak werken zij op een instelling waar al mensen positief besmet zijn en hebben zij het via het werk opgelopen." Der wurdt sa no en dan noch wol boarne-ûndersyk útfierd op plakken dêr't noch gjin fêststelde besmettings wiene. "Dan kijken we waar dat vandaan komt en hoe we verspreiding kunnen voorkomen."

Wol wurdt der noch altyd kontaktûndersyk dien. "Zo kunnen we kijken met wie een besmet persoon contact heeft gehad en die contacten waarschuwen. Naarmate de maatschappij meer van slot gaat en mensen weer bij elkaar in de buurt komen, wordt contactonderzoek ook weer belangrijker."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân oer de nijste sifers

(advertinsje)
(advertinsje)