Fiif minsken út azc Drachten ferpleatst nei ynsidint, sfear noch "gespannen"

28 apr 2020 - 11:53

It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) hat fiif minsken fan it azc yn Drachten ferpleatst nei oare asylsikerssintra. Oanlieding is in ynsidint fan moandei, dêr't de plysje manmachtich foar ynset waard.

Wat der krekt bard is, wol in wurdfierder fan it COA net sizze. De plysje seit dat ien jonge fan 16 jier oanholden is.

Minsken oerpleatse nei in oar azc is in útsûnderlike maatregel, seit de COA-wurdfierder. "Dit doen we alleen als er iets heel ergs gebeurt. De situatie is nog steeds gespannen." Oft de maatregel genôch helpt om de situaasje wer werom te bringen nei normaal, is noch ôfwachtsjen.

It giet om in tydlike ferpleatsing nei oare azc's. Mooglik kinne de fiif letter noch werom nei it azc yn Drachten, mar dat kin it COA noch net ynskatte.

De plysje by it azc yn Drachten - Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
Drachten fjochtpartij AZC COA
(advertinsje)
(advertinsje)