Ferset yn Jistergea tsjin bou driuwend sinnepark

28 apr 2020 - 11:31

Stichting Behoud Natuurplas Eesterga wol mei in petysje foarkomme dat der sinnepanielen pleatst wurde yn Jistergea. Projektûntwikkelder Solarfields en Simavis Karperplas wolle yn de natuerplasse by it buertskip in driuwend sinnepark bouwe. De petysje is yntusken mear as 1.700 kear ûndertekene.

Foto: Stichting Behoud Natuurplas Eesterga

De bedriuwen hawwe de ambysje om de natuerplasse te feroarjen yn 'it grutste driuwende sinnepark fan Europa'. Der is lykwols in soad wjerstân tsjin it plan. "Hierdoor zal het enige stukje niet-agrarische natuur in Eesterga en een van de beste karperplassen in Nederland verdwijnen", sa sizze dejingen dy't de petysje opsetten ha.

Juridyske trúk

De tsjinstanners fan it sinnepark yn spee sizze dat de bedriuwen mei in juridyske trúk it bestimmingsplan wizigje wolle en freegje it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren dêrom om de fergunningsoanfragen ôf te wizen.

Dy soene nammentlik yn striid wêze mei it bestimmingsplan en it Beleidskader Sinnefjilden fan de gemeente. Boppedat sizze de inisjatyfnimmers fan de petysje dat de bedriuwen besocht ha harren om te keapjen.

(advertinsje)
(advertinsje)