Staazje yn in ferpleechhûs yn coronatiid: "Je denkt er wel even extra over na"

28 apr 2020 - 10:40

Samantha Pereira Arias rûn, foar har stúdzje oan it Friesland College, staazje op in deibesteging foar minsken mei in beheining, doe't har frege waard om by te springen yn ferpleechhûs Maeykehiem yn Langwar. Dêr wie in oantal coronabesmettingen fêststeld en se koene wol minsken brûke. Hoewol't Samantha de gefaren seach, besleat se it dochs te dwaan.

Foto: Eigen Foto Samantha

De grutste twifel foar Samantha wie iens net eangst foar it firus, mar dat se har offisjele staazje opsizze moast om by de coronapasjinten oan de slach te kinnen. "Om kruisbesmetting te voorkomen, kon ik niet beide blijven doen. In overleg met mijn docent heb ik toch ja gezegd. Het was echt een unieke kans om ervaring op te doen."

Net benaud foar besmetting

De fjirdejiers studinte wie sels net benaud foar besmetting: "Ik loop daar met bescherming rond en we hielden ons heel strikt aan de richtlijnen van de RIVM. Dus eigenlijk voelde ik me daar veiliger dan bijvoorbeeld in de supermarkt." Mar Samantha hie wol har twifels oer wat it betsjutte foar har omjouwing. "Mijn vriend haalde mij elke dag op van mijn werk en daar ben ik wel even bang voor geweest."

Coronafrij

Sûnt in wike is har wurkplak wer coronafrij, mar de maatregels bliuwe itselde. Samantha: "Bezoek is nog steeds niet mogelijk en we zijn nog steeds constant aan het ontsmetten en houden ons aan alle richtlijnen." Dochs makket se har dêr as se oan it wurk is hielendal net drok oer. "Op het moment dat je naar je werkt gaat, denk je er wel extra over na. Maar je bent bezig de bewoners te helpen en je doet gewoon je werk."

Gjin spyt

De stúdzje leit op dit stuit foar in part stil. Staazjerinne kin net en lessen wurde online hâlden. Samantha wol absolút troch mei har stúdzje en wol net fulltime oan de slach bliuwe. Dochs hat se gjin spyt fan har beslút om tydlik oan de slach te gean op in plak dêr't corona útbrutsen wie. "Als je kijkt naar wat ik in de afgelopen maand heb geleerd... Dat is echt ongelofelijk."

Samantha Pereira Arias gie oan de slach yn ferpleechhûs Maeykehiem

(Advertinsje)
(Advertinsje)