Tichte hoareka hat gefolgen foar ûntelbere sektoaren

28 apr 2020 - 10:25

No't de hoareka ticht is, fernimme ek in protte oare sektoaren de gefolgen dêrfan. De ierdappel- en de sauzesektor bygelyks, dy bliuwe mei in protte fan it guod sitten. Om wat fan dat oerskot kwyt te reitsjen, geane patatkarren de hiele moanne by fitale sektoaren del om patatsjes mei saus út te dielen.

De patatkream stie ûnder oare by fersoargingshûs Saxenoord - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Sa stiene it patatfabryk Lamb Weston/Meijer út Kleaster-Lidlum en de Frjenstjer sausspesjalist Levo by alderhande fersoargingshuzen yn de gemeente Waadhoeke. Want fan de gewoane omset misse se in grut part. "Dat komt doordat het merendeel van de horeca plat ligt", seit Simon Rollingswier fan Levo. "Dat heeft enorm veel impact voor heel veel ondernemers, ook voor ons."

Gefolgen foar de hiele keten

De hiele keten fernimt de gefolgen: "We werken samen met zoveel bedrijven, daar heeft het allemaal invloed op", seit Rollingswier. "Dat is bizar. Als de horeca minder open is, heeft dat effect op ons, op de horecagroothandels, op de leveranciers van snack, leveranciers van verpakkingsmaterialen, noem maar op. De impact is groot."

Wat it foar Levo krekt betsjut dat in grut part fan de omset fuortfalt, dat wit Rollingswier noch net. "We hopen dat we geen afscheid moeten nemen van werknemers. De eerste prioriteit is dat iedereen gezond blijft. Daar doen we alles aan. En verder proberen we het bedrijf zo goed als mogelijk draaiende te houden."

Ferskate ferhalen

Fan kollegabedriuwen heart Rollingswier ferskate ferhalen. "Sommige ondernemers zijn helemaal gesloten, daar komt helemaal geen omzet binnen. Anderen missen 70 tot 80% van de omzet. En een aantal ondernemers, die puur gericht zijn op bezorgen en afhalen, hebben naar eigen zeggen niets te klagen."

(advertinsje)
(advertinsje)