Jelle ten Rouwelaar kiest foar Anderlecht

28 apr 2020 - 10:06

Jelle ten Rouwelaar wurdt keeperstrainer by Anderlecht. Dat meldt de NOS. De âld-keeper ferhuzet fan NAC Breda nei Brussel, wêr't er wurkje sil by de klup dêr't ek Snitser Michel Vlap fuotballet.

Jelle ten Rouwelaar - Foto: www.orange-pictures.nl

Ten Rouwelaar ferlit nei trettjin jier NAC Breda. Der wie er it grutste part fan syn karriêre keeper, hy spile mear as 300 wedstriden foar de Brabanners. Nei 2016 waard er keeperstrainer yn Breda.

De 39-jierrige Jouster joech earder al oan dat er ta wie oan in nije útdaging. Hy hie ek nei PSV en FC Grins kinnen, mar kiest dus foar Anderlecht.

(advertinsje)
(advertinsje)