Jonge fuotballers gau wer op it fjild, mar organisaasje hat hiel wat fuotten yn 'e ierde

28 apr 2020 - 09:13

It jongereinfuotbal mei fan woansdei ôf wer los. Bern oant en mei 12 jier meie foarearst wer traine en oefenpotsjes mei harren eigen team spylje. De nije maatregels fan it kabinet lykje simpel, mar binne neffens Folkwin Holtrop fan vv Heerenveense Boys noch net sa maklik út te fieren: "Er zit aan de achterkant een hele organisatie om dat in te regelen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Sa meie âlden net op it fjild komme, moatte de bern wol oardel meter ôfstân fan de trainer hâlde en binne de klaaihokken en dûsen noch ticht.

En de bern wer nei it fuotbalfjild krije is ien, mar de trainers moatte ek ree wêze om wer te fuotbaljen. "We zijn nu aan het inventariseren welke trainers wel en niet willen trainen." Benammen de jonge trainers hawwe bybaantsjes yn bygelyks de supermerk en dêr binne se no hurd nedich.

Grinsgefal

Foar jongerein fan 12 oant 18 jier wurdt noch neitocht oer oplossings. "We hebben ook een team dat een grensgeval is. Sommigen van hen zijn in de afgelopen weken 13 geworden. Zij mogen nu niet met hun eigen team meetrainen. We zijn aan het kijken hoe we het kunnen invullen."

Yn syn parsekonferinsje sei premier Rutte ferline wike fierder dat de sportklups ek it sporten foar net-leden fasilitearje moatte. Mar dat is makliker sein as dien, seit Holtrop: "Er zit aan de achterkant een hele organisatie om dat in te regelen. We hebben ook leden die niet meer mogen komen, maar die nog wel contributie betalen."

KNVB

De gemeente kin op dit stuit net alle antwurden jaan op de fragen fan fuotbalklups, mar de KNVB biedt help. "We hebben dit weekend een brief van hen gehad waarin het keurig allemaal benoemd wordt. We gaan nu in ieder geval starten conform de richtlijnen en we zullen de komende weken nog wel tegen dingetjes aanlopen die we moeten bijsturen."

Folkwin Holtrop, foarsitter fan it jeugdfuotbal by vv Heerenveense Boys,

(advertinsje)
(advertinsje)