Kollum: "In kwote op in grêfstien"

28 apr 2020 - 08:15

"In man stie boppe-op it dak mei in oerstreaming. Hy bidde ta God om help. In skoftke letter kaam ien yn in roeiboat foarby. Dy seach de man stean en sei: 'Spring deryn, ik kin dy rêde.' De man op it dak rôp werom: 'Nee, bêst genôch, ik bid ta God en Hy sil my rêde.'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

De roeiboat fear fuort. Even letter kaam in motorboat foarby. It frommeske dat dêryn siet rôp: 'Spring deryn, ik kin dy rêde.' De man op it dak antwurde: 'Nee, bedankt, ik bid ta God en Hy sil my rêde. Ik leau.' Dat de motorboat foer fuort. Doe kaam op in stuit in helikopter oanfleanen. Dy bleau boppe it hûs hingjen en de piloat balte: 'Krij dizze touljedder beet en ik bring dy yn feilichheid.' De man op it dak skodholle en rôp: 'Nee, bedankt, ik bid ta God en Hy sil my rêde. Ik leau.' Dat de piloat fleach mei tsjinsin fuort.

It wetter kaam lykwols heger en heger en de man op it dak ferdronk. Hy kaam yn de himel. Doe't er einlings oan 'e beurt wie om mei God te praten, sei er: 'Ik leaude yn Jo, mar Jo ha my net rêden. Ik begryp net wêrom.' Wêrop't God antwurde: 'Ik ha dy in roeiboat, in motorboat en in helikopter stjoerd. Wat hiest dan noch mear ferwachte?'

Religy yn tiden fan krisis, it bliuwt in ferhaal apart, in slachfjild fan bysûndere opfettings. Foar guon leauwigen is it firus in straf, foar oaren is it in besiking, in test om te sjen hoe sterk harren leauwe is. Yn EenVandaag wie lêsten in pastoar út Brabân oan it wurd dy't de oardel meter ôfstân en it net hawwen fan fysyk kontakt fuortglimke. 'Tinksto echt dat God net sterker is as dit firus?' sei er tsjin de ynterviewer. 'Wês net bang, ik bin dat ek net.'

Ik ha gjin idee hoe't it no mei de pastoar is. Foar ferlikingsmateriaal sjoch ik dêrom oer de grutte plasse nei Amearika. Dêr spruts op 22 maart biskop Gerald Glen in folle tsjerke ta. Yn Virginia jilde doe al in 'net mear as tsien minsken' regel, mar de biskop hie dêr skyt oan. Hy skepte op oer de folle tsjerke, sei dat er kontroversjeel wie en grutsk op it oertrêdzjen fan de foarskriften.

Gerald Glen fertelde syn gemeente dat er essinsjeel wie, in preker, dat er mei God prate. Dêr heakke er it folgjende oan ta: 'Ik bin der wis fan dat God grutter is as dit frekte firus. You can quote me on that.' Dy kwote stiet no wierskynlik op syn grêfstien, want de man stoar oan de gefolgen fan it firus op 11 april, amper trije wike letter. Syn frou hat it ek, syn dochter warskôget no foar ûnfoarsichtigens.

Gelokkich binne der genôch leauwigen dy't wol rasjoneel te wurk gean, net byinoar komme mar de mooglikheden fan moderne media benutsje om harren leauwe te belibjen. Sels einigje ik mei in kwote dy't ien op tegeltsje drukke litten hat nei oanlieding fan Gerald Glen syn ferstjerren: 'Wittenskip. It bestiet.' Ofst der no yn leaust of net."

(advertinsje)
(advertinsje)