Hoe langer gjin besite yn fersoargingshuzen hoe dreger: "It is hiel swier"

Fjirtich dagen lyn gongen alle ferpleech- en fersoargingshuzen op slot foar minsken dy't der net wenje of wurkje. Dat betsjut ek dat bewenners yn dy sintra al fjirtich dagen gjin besite hân ha. En dat wurdt hieltyd dreger. "Ik kan hooguit het raampje even opendoen als er bezoek voor de deur staat, maar ik mag ze niet aanraken", fertelt de 79-jierrige Louis Wijman, bewenner fan Saxenoord yn Frjentsjer.
Saxenoord yn Frjentsjer © Google Street View
"No't it wat langer duorret dat dy maatregels der binne, wurdt it wol dreger", seit teamlieder Frieda Dooper. "It wurdt hieltyd dreger dat minsken dierberen misse moatte. We besykje it wol mei byldbeljen en sa om se yn kontakt te hâlden, mar dat slagget net sa goed as écht kontakt. Liiflik en minsken sjen, dat is dochs wol hiel wichtich."
Neffens Dooper is der wol begryp foar de maatregels. "Minsken jouwe har der wol by del. It is hiel swier. Dat sjoch ik ek by de kollega's. Dat giet je oan it hert."
Ik zou er graag eens even uit willen, maar dat kan niet.
Louis Wijman, bewenner fan Saxenoord
Dat seit Wijman ek. "Ik begrijp de regels wel, je moet niet in aanraking komen met bepaalde mensen." Mar dat betsjut net dat it der makliker fan wurdt. "Het duurt wel erg lang allemaal. Ik zou er graag eens even uit willen, maar dat kan niet. Al zie ik wel af en toe mensen die zijn ontsnapt, die lopen hierlangs met de rollator. Dat is streng verboden."
Louis Wijman, bewenner fan Saxenoord yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Sels der even út mei it moaie waar, dat soe Wijman ek graach dwaan. Dochs docht er it net. "Dan krijg ik grote problemen, denk ik. Ik heb een scootmobiel, ik zou dolgraag een ritje willen maken, maar ik heb 'm al vier of vijf weken niet gebruikt."

Hieltyd stiller op de ôfdieling

By Wijman op de ferdjipping wurdt it ek hieltyd stiller. "Hier zijn er wel veel overleden, daar word ik niet vrolijk van. We waren met acht hier op de bovenverdieping, daar zijn er nog maar drie van over."
Net alle fiif stjergefallen komme troch it coronafirus, mar it makket it wol iensumer foar Wijman. "Dat komt hard aan. We hebben ook een clubje mensen met wie we eten en koffiedrinken, maar daar er dus ook een aantal van overleden. Dat is niet makkelijk."
Dochs is der ek plak foar in bytsje optimisme. Dooper: "Der binne ek wat goede berjochten én guon minsken geane wer út isolaasje. Sa sjogge minsken dat it ek wer goed gean kin."