Drones fan Fryslân fan Boppen ek tiisdei de loft yn

De drones fan it projekt Fryslân fan Boppen sille ek tiisdei gewoan de loft yn. Ek al wurde yn de rin fan tiisdei stevige reinbuien ferwachte, de organisaasje fan Fryslân fan Boppen doart it oan. Dêrmei kin de lêste dei fan it droneprojekt úteinsette.
© Fryslân fan Boppen
"Wy doarre it oan", fertelt projektlieder Lieuwe Krol. "De rein liket wat letter op 'e moarn te kommen, dus wy starte gewoan en wy sjogge hoefier't wy komme. Mar as de rein komt, dan hâlde wy op. De drones meie beslist net fleane mei rein. It is hiel gefoelige apparatuer."

Meitsje foto's

As de drones fanwegen de rein dochs net fleane kinne, ropt Krol minsken by de rûte del op in foto te meitsjen. "Dan kinne wy dy dochs noch brûke yn de montaazje. Meitsje dan gewoan in moaie foto, of twa." De foto's kinne maild wurde nei fanboppen@gmail.com.
Lieuwe Krol fan Fryslân fan Boppen
Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. Tiisdei is alwer de lêste dei dat se fleane. It projekt is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út.
Besjoch hjir de fleanrûte fan tiisdei fan de drones fan Fryslân fan Boppen.
© Fryslân fan Boppen